Sneon 20-4-2019

Mei de bus nei Willemsoord 1 – SDS 1!
19 april 2019
Weppers tiisdei 23-4-2019
23 april 2019

Hawwe jim wat aardichs te melden oer je wedstriid, in ferslach of oars wat aardichs, mail it dan nei aant@vv-sds.nl en/of willem@vv-sds.nl.

10:00 SDS JO9-1 Terschelling JO9-1
09:00 ST IJVC/Blauwhuis JO12-1 SDS JO12-1
10:30 Zeerobben JO15-3 ST SDS/Nijland JO15-2 2-4
12:00 Kollum JO17-1 SDS JO17-1 4-0
12:15 VVI 3 SDS 3 g.n.t.
12:45 VVI 2 SDS 2 2-0
14:30 Willemsoord 1 SDS 1 0-3

Willemsoord 1  – SDS 1     0-3

SDS 1 kin wolris faker yn de bus fuort. Binnen in minút kopte Hendrik de Jong al in korner fan Lourens van der Pol binnen. SDS wie sterker as Willemsoord en it wie dan ek net gek dat Hendrik ek syn twadde mei de holle makke út in foarset fan Pieter Sijtsma. Uteinlik duorre it oant de 90e minút dat Jelmer Posthumus de wedstriid yn it slot smiet mei de 3-0. In beste goal júst op it momint dat der ien SDS’er al yn de kantine siet………. syn heit Appie..
Nije wike is SDS 1 frij en op 4 maaie mei SDS 1 ynhelje yn de derby út tsjin Scharnegoutum 1. Wy sjogge der no al nei út.

SDS rekent simpel af met Willemsoord

SDS won zaterdag in Willemsoord (0-3), zonder ook maar een moment echt in de problemen te komen. Willemsoord mocht het spel maken, maar slaagde daar geen moment in en het was SDS dat constant gevaarlijk was. Na de 0-2 was het wachten op meer, maar het spel was vaak slordig en dus bleef het spannend tot in blessuretijd de 0-3 viel.

SDS reisde met een bus vol spelers, begeleiding en supporters af naar het zonovergoten Willemsoord en maakte er een mooi dagje uit van. Tussen de supporters zat ook de geblesseerde Jacob-Klaas Haitsma, waardoor zijn broer Erik centraal achterin speelde. Voorin kwam er hierdoor een plaatsje vrij voor Hendrik de Jong en verder was de opstelling hetzelfde als vorige week.

SDS zakte wat in en liet Willemsoord het spel maken op het hobbelige en harde veld. Dat lukte de thuisclub geen moment en in de tweede minuut leidde dit tot een corner voor de gasten. Lourens van Pol zijn hoge indraaiende bal naar de tweede paal werd vervolgens bekeken binnen gekopt door Hendrik de Jong. Een hoopgevend begin, maar de wedstrijd moest eigenlijk nog beginnen en SDS gaf Willemsoord ook hierna geen meter speelruimte.

Bijna kwam de thuisclub op gelijke hoogte, toen spelmaker Van Luik voor keeper Jaap Toering opdook, maar het liep met een sisser af. Het was eigenlijk de enige kans die de thuisclub kreeg en het wachten was dan ook op de 0-2 van SDS. Die viel na een prachtige aanval over de linkerkant, waar Remco Hylkema en Pieter Sijtsma zich een weg naar voren combineerden. Sijtsma bediende vervolgens Hendrik de Jong met een messcherpe voorzet en zijn kopbal was de doelman wederom te machtig.

Na een minuut of twintig leek de wedstrijd eigenlijk al gespeeld en het was vooral de vraag wanneer SDS de derde treffer ging maken. Matthijs Postma en Lourens van der Pol waren er dichtbij, maar er werd gerust met een 0-2 tussenstand. Na de rust hetzelfde spelbeeld met een onmachtig Willemsoord en een hardwerkend en goed georganiseerd SDS, dat aan de bal te slordig was om het karwei definitief af te maken.

Er werd drie keer gewisseld en Jelmer Posthumus, Frank Bervoets en Wiebe Heeres kwamen in het veld voor leeg gespeelde Hendrik de Jong, Habtamu de Hoop en Pieter Sijtsma. In de laatste minuten was de thuisclub twee keer dicht bij een aansluitingstreffer, maar het was SDS de wedstrijd definitief besliste. Jelmer Posthumus rommelde zich langs een verdediger en schoot zeer bekwaam de 0-3 tegen het groen-witte net. SDS speelde zich door deze overwinning officieel veilig, maar zal over twee weken in Scharnegoutum moeten winnen om nog kans te maken op de 3e periodetitel.
Douwe Posthuma

VVI 2 – SDS 2

SDS 2 bakte der net folle fan yn Jiskenhúzen en gie terjochte mei 2-0 ûnderút by VVI 2. Nije wike oer mar wer ris sjen.

SDS JO17-1 ûnderút!

De JO17-1 mocht juster nei Kollum en ferlear mei 4-0. Thús waard noch mei 2-1 fan de Kollumers wûn, mar dat gie seker net makkelijk. No miste SDS ek noch in pear wichtige spilers en kaam it gewoan krekt tekoart.

SDS JO15-2 wint no wol fan Zeerobben

Sneontemoarn moasten ús jonges it opnimme tsjin Zeerobben. Ferline wike wien de Hârnsers te sterk foar ús en ferlearen we kânsleas mei 1-4.
Hjoed mei nije energy en in fitte Pieter B yn e spits der gewoan plat foar.
Op basis fan de wedstryd ferline wike makken we foar de wedstryd goeie ôfspraken . Alert fuotbalje, goed yn e bal komme en neat ôfwachtsje. Ennn hiel wichtig , nûmer 10 útskeakelje! Die makke yn Nijlân trije goals en is fierwei hun beste spiler.
Sa setten we mei goeie moed útein. Binnen 1 minuut scoarde nûmer 10…… “En dat is één” klonk it fanôf de Hârnser bank. De ‘ouwe seunen’ hienen der fertrouwen yn. Sa’t we went binne by grutte club mei ynhelrondes wiene der goeie spilers fan hegere teams lient. Dus it koe net op. De Hârnsers dominearden de earste helte en it waard dan koart foar rêst 2-0. Dat foel tsjin foar ús mannen. De ferdedigers hawwe sich de earste helt kompleet leeg spile. En wat hat Lennert in protte balken keart.
Yn e rêst in pear omsettingen en in goed petear oer hoe tsjin dizze bettere ploech te fuotbaljen . Jetze 5 meter achter de ferdediging, bal oanfallend net op de keeper passe, man goed foar je hâlde en net te fluch happe.
In kertier yn e 2e helte wêryn at wy mear en mear de baas op it fjild waarden scoarde Jelmer út de rebound de 2-1. Thomas en Sije dominearden it middenfjild kompleet. En 2 minuten letter makke Sije mei in lopke de 2-2. SDS/Nijlân wie los. Passes kamen oan en de druk waard opfiert. In prachtige kâns op 2-3 waard spitich genôch oersjitten troch de sterk spyljende Jildert (ús eigen Neres).
Nei in koarte drinkpauze joech Lennert de bal mei en deze waard op Jelmer past . Jetze seach fan achterút de romte en stoomde razendsnel op. Foarset, Jetze, goal!!
2-3.
Pieter B en in ûnkearbare Jelmer lusten konstant de ferdediging iepen sadat de opkomende middenfjilders gefaarlyk foar de goal kamen . Thomas skeat nog in pear kear Mar krekt fan te fier ôf op e goal. Úteinlyk gooide Sije de wedstryd yn it slot mei wêr in lopke.
Einstân 2-4.
It meikaam publiek en medecoach Luuk en ik binne trakteart op in skitterende pot fuotbal!
Tige tank mannen!💪🏻

Hans

Lokwinskhuuuhuhuhuhuhh!!

Us âldste fuotbaljende lid, Ids Boersma, is hjoed jierdei! Hy is hjoed 60 jier wurden! Fan herte lokwinske!

Barcelona


Marc Hoekstra en syn heit Robert binne dit wykein nei Barcelona tegeare mei omke Hille en pake Keimpe. Moarns hawwe se de boel al efkes besjoen en

jûns seagen sy Barcelona mei 2-1 winnen fan Real Sociedad.

Efkes Balje

Myn favorite kommentator bij it fuotbal hie bij it Efkes Baljen fan freedtejûn wer wiidweidich oer oare saken praten kinnen as oer it fuotbal.
Oer syn favorite ythúske, wêr’t je perfoarst hinne moatte, oer de froulju fan de spilers dy’t alle reden jouwe om gelyk nei it fuotbaljen nei hûs te gean of oer in tsjerketoer dy’t no krekt wat nijsgjirriger wurden is as in ôfbrânde Notre Dame.
El Sierd hie ek dit oere maklik fol praten en tuskentroch deskundich kommintaar jaan kinnen oer de prestaasjes yn it fjild.
It wiene twa aaklik gewoane spannende potsjes. Hij sil it hân hawwe oer de jeugdige Robin dy’t as fuotballeafhawwer ek graach efkes meidocht at hij frij fan syn A’s hat, hij soe oandacht freegje foar Bonne Wiersma, dy’t syn debút wer makke nei in periode wêryn hij it net oan tiid hie op syn manier en no bij de iterstafel weisleept waard troch FC Itens en omkriten.
El Sierd (syn efternamme neame wij hjir yn de greidhoeke mar net, want de jaaiers lizze op de loer om dy inkele greidefûgel noch te beskermjen tsjin dit bist) is wol wat wend yn it Spaanske fuotbal mar hij hie entoesjast west oer de hast Messiaanske bewegingingen, fersnellingen en doelpunten. Hij hie lykwols ek raar guod spuid oer it oantal “hast doelpunten”. De ballen lutsen mar nei dy peallen ta of se skeaten krekt oan de ferkearde kant fan de peal lâns.
Hij hie hjiroer sein: …en dêrom fuotbalje se hjir op freedtejûn op dit prachtige keunstgers en Easterein…..
El Sierd hie foar de sjoggers ek de kâns hân om út te lizzen en sjen te littem wat it ferskil is tusken fuotbal en hânbol. In aardige efterôffideo mei de handsmominten hie dan ek brûkt wurde kinnen om in oantal spilers it begryp noch in kear út te lizzen.
Bij potsje 1 hie hesjepartij efkes de bettere kânsen mar wûnen de hesleazen úteinlik mei 9-7. Bij de “2 doelpunten út partij” wie it ek spannend en wie it úteinlik Pieter Veenje dy’t op it goeie plak stie en behearsd skoarde.
(foto Sytse Schouwstra Skylge)
Wizend nei de loft hie de slotsin fan El Sierd west: In soad hichtepunten mar it hichtepunt fan de jûn kinne jim no dêr sjen…
Hesjes: Robin, Harrie, Menno, Wybren, Bonne en Klaas
Sûnder: Pieter, Wouter, Theo, Ferrie, Johan en Aant