Weppers tiisdei 23-4-2019

Sneon 20-4-2019
19 april 2019
SDS-League: ‘Top of Flop United’ is top!
24 april 2019

Trainen woansdei

Woansdeitejûn hat SDS VR1 in oefenwedstriid yn Easterein om 19.30 oere. De ploegen dy’t fanôf 19.00 oere traine sille útwike moatte nei it trainingsfjild efter de sporthal.

Bline toto

Sneon wie der yn de bus nei Willemsoord ek in bline toto. It gie om de rêststân en de einstân fan Willemsoord 1 – SDS 1. De lieder fan SDS Vr.1, Tarina Veenje, hie de rêststân goed en de lieder fan SDS 1, Floris Hiemstra, hie de einstân goed. It sit dus wol goed mei it fuotbalferstân by de lieding fan SDS 1 en Vr.1. 😉
Beide gienen mei in bult drûge woarsten fan Murks Slagerij nei hûs.

Euries

Mochten der noch lju wêze dy ’t ôfrûne sneon de bline toto noch net betelle hawwe of de blikkies yn de bus dan kinne sy betelje troch hjir te klikken.

Needgjalp

Fan it steechje oan de Wynserdyk komt wer in needgjalp. “Oh wat jammer, ek dizze kear  gjin dropferkeapers  oan de doar bij de famylje Hiemstra, Meijer en Jelsma.”
Sij moatte ek dit jier wer sels nei de Jumbo om swarte tosken te krijen.

Doelpunten SDS

Der wie dit wykein ien wedstriid bij de senioren wêryn skoard waard.  Mei de trije doelpunten fan SDS 1 der bij sjocht it der no sa út. Sjoch hjir

Doelpunten yn 3A

Alle doelpuntenmakkers yn de tredde klasse A op in rige. Sjoch hjir.

Perioadestand SDS 1

Der binne yn de lêste perioade yn de tredde klasse A noch 4 wedstriden te spyljen foar SDS 1. Der binne twa perioadekampioenen bekend (Wolvega en Heerenveense Boys) en yn de tredde  stiet Scharnegoutum no boppeoan. Makket SDS noch kâns op in perioadetitel? Winne fan Scharnegoutum is dan needsaaklik. Sjoch hjir de stân fan saken

Sealmannen

De sealmannen moatte woansdei ek wer los. Haskerland 4 is de tsjinstanner en de wedstriid wurdt spile op ‘e Jouwer.

Programma dizze wike

Der is kommend wykein gjin programma fanwege Keningsdei, mar de froulju fan SDS VR2 gean freedtejûn wol los. Neffens de KNVB fine de wedstriden dizze kear plak yn Easterein.

Sneon 25 maaie frouljustoernoai!

Jou dy no hjir op!

Derop út!

It bestjoer fan SDS is troch haadstiper Van der Eems útnoege om jûn mei nei sc Heerenveen – VVV. Dat is net gek fansels! Tige by tige!

Lid wurde!

Wa ’t mar wol kin lid wurde fan SDS! Wy kinne wol famkes, froulju, jongerein, âlderein en sealfuotballers brûke! Je kinne je oanmelde/ôfmelde fia ûnderoan dizze webside fia“oan-/ôfmelde”.
By fragen kinne je kontakt opnimme mei Anco Elgersma (Ledenadministraasje@vv-sds.nl).

Lid ôf wurde

Under de kop oan-/ôfmelde ûnderoan dizze webside stiet de link foar as je je spitich genôch ôfmelde moatte/wolle as lid fan SDS.
Allinich op dizze wize kinne jim ôfmelden wurde (dus net fia in lieder of sa).
Hjirfoar binne  twa data: foar 1 maaie of foar 1 desimber.
By te let ôfmelde moat der noch foar in heal jier betelle wurde, dit is omdat SDS dan ek jild ôfdrage moat oan de KNVB.
Dêrneist is it wichtich om je foar 1 maaie ôf te melden sadat der rekken mei hâlden wurde kin by de teamyndielingen.

SDS-tas foar mar 15 euries!

Yn gearwurking mei Muta-Sport kinne wy noch in pear SDS-tassen ferkeapje foar mar 15 euries!
Wolle je ek sa ’n tas, mail dan efkes nei info@vv-sds.nl!
Der binne namelijk noch mar 2 tassen te krijen.
De nûmers 59 en 61 binne noch beskikber.
Op=op!
Underyn de tas sit in spesjaal fak foar de fuotbalskuon.
Normaal koste dizze tassen 33 euries.

 

SDS-League

Ek yn it Peaskewykein waard der wer folop fuotballe yn de Eredivisie. Dat betsjut dat der ek wer in nije stân fan de SDS-League komt. Moarn om 10.04 kinne jim him hjir op de webside ferwachtsje.

Harsens derby (2129)

Wat sille wy ek sizze? Harsens derby!!