Sneller ynternette !!

SDS siket frijwilligers !!
5 mei 2003
Nije stân SDS League: wike 10
6 mei 2003

Bale jimme der ek sa fan dat it by tiden sa lang duorret om op ‘e SDS webside te kommen? Of dat it sa lang duorret foardat jimme in foto besjen kinne? Jimme kinne jimme no oanmelde foar ADSL. Dit is in manier om sneller te ynternetten. At der 325 oanmeldings binne yn Wommels, Easterein, Itens, Iens, Hinnaerd en Kúbaerd dan makket de KPN dit foarmekoar. Jimme kinne der alles oer lêse en jimme fansels oanmelde op http://www.hierookbreedband.tk/.