Skeltes tas te keap?!

Stân SDS EK-League 12-6
12 juni 2008
Stân SDS EK-League 13-6
14 juni 2008

Skelte Anema hie hjir tiisdei in oprop op de webside hân om syn SDS-tas werom te krijen. De oprop is slagge, want hy hat syn tas werom. Spitich genôch al wat oan de lette kant…………

Hallo,
 
Juster bin de stêd efkes yn west. Want yn myn tas sieten myn keatsskuon en ik moest wol efkes nije ha want ik moest hjoed wer keatse. Der wienen noch wol in pear en ik ha foar 55 euro nije skuon helle. Doe betocht ik my dat ik ek myn want noch yn de tas hie. No hie ik ien fan ien liene kinnen mar ik hie ek net folle fertrouen mear yn dat myn tas weromkomme soe. Dus dan moat der mar in nije want komme, tocht ik. Doe bin ik mar nei St. Jabik rieden. Triemstra hie noch ien op foarried: 135 eurie.
Mar no lei ik juster te sliepen en krij ik samar in berjocht fan in oplettende SDS’er: ‘Dyn tas hinget yn de kroech´. Bin krekt efkes langs Ap en Yvon rieden en inderdaad dêr hong myn tas. Ik frege Ap hoe de tas dêr terjochte kaam wie. Ap tocht dat ik ‘m stean litten hie. Hie ek samar kinnen mar ik wie net yn Easterein west.
Der is dus ien west dy’t myn tas meinommen hat nei Easterein. Frij ûnnoasel;de tassen ha in nûmer. Mar foaruit, de tassen lykje opelkoar dus kin gebeure. Mar dan soe ik der liuw’k wol foar soargje dat de tas de oare deis by de eigner komt. It ideale momint om gebrûk te meitsjen fan it TRS-systeem. Dit wie net it gefal.
Begryp my goed: der binne slimmere dingen en ik bin ek net lilk mar wol hiel bot teloarsteld.
 
Groeten,

Skelte.


Tas nr. njoggen mei de âlde want en de âlde skuon stiet no te keap mei ynhâld.