Seleksje SDS Vr.1 2020-2021
1 juli 2020Seleksjes jeugd 2020-2021
2 juli 2020De seleksjes foar de senioaren foar it nije seizoen 2020-2021 binne klear. Al kin der altiten noch fan alles feroarje fansels.
SDS begjint dit seizoen mei 6 mannesenioarenteams oan de kompetysje en 1 frouljusteam.
SDS 6 is der by kaam. Dit wie eins JO19-2, mar om ’t de jongens graach by de grutte mannen meidwaan wolle en der sa ek oare lju as jeugd mei harren meifuotbalje kinne is beslúten dizze útdaging oan te gean. Mochten der lju wêze dy ’t ek graach by dit team wolle dan heare wy it graach!
Dit binne de seleksjes:
SDS Vr.1:
Annemiek Popma en Sandra Hilverda wienen der ôfrûne seizoen bykaam om de blessures yn de seleksje wat op te fangen. Sandra is der foarearst wer mei stoppe. Annemiek is noch by hege need opropber. Benthe Okkema en Ilse Schuijff binne der yn de rin fan foarich seizoen al mei stoppe. Sietske Okkema is der nei in blessure en tefolle oare drokte ek mei stoppe lykas Esther van der Eems.
Richtsje Strikwerda krijt in lytse poppe, dus is der oan it begjin fan it seizoen net by. Hooplik slút sy nei de winterstop wer oan.
Moai om te sjen dat der 4 famkes by kaam binne fan de MO19. Dit binne Petra Koopmans, Hedwich Pater, Marit Albada en Froukje Altenburg.
Wybrich-Anne Bruinsma is wer by SDS fuotbaljen kaam nei in flinke blessure en in skoftke by in 7-tal fan VV Oosterlittens fuotballe te hawwen.
Lysanne Wiersma is hersteld fan in slimme kinibbelblessure en sil it wer probearje.
Dizze seleksje begjint moandei 10 augustus wer te trainen:
Marit Albada
Froukje Altenburg
Wybrig Anna Bruinsma
Janieke Dijkstra
Elske Galema
Marjo Groothof
Kirsten Hiemstra
Marrit Hiemstra
Hester Kingma
Petra Koopmans
Gerry Edou Mollema
Hedwich Pater
Annemiek Popma (opropber)
Richtsje Strikwerda
Seriette Strikwerda
Femke Terpstra
Jeska Terpstra
Sieta Tessemaker
Jildou Sweering
Alissa Veenje
Lysanne Wiersma
Dina Zwaagstra
SDS 1:
Marco Rijpkema hat ôfskie nommen en giet fuotbaljen by SneekWitZwart op sneon. Oan de seleksje binne tafoege keeper Mark Klijnsma dy ’t oerkomt út de JO19 lykas Stan Korbach. Teun Heeres hat earder by SDS fuotballe en komt no werom nei y.f.m. stúdsje/wurk/faam in skoftke bûten de provinsje wenne te hawwen. Hy komt no yn Heerenveen te wenjen. De SDS-Grins-auto is noch altiten yn gebrûk en kin dit seizoen brûkt wurde troch Lourens en Gerwin dy ’t yn Grins wenje/studere en sy kinne Teun moai yn Heerenveen oppikke.
Yn de rin fan foarich seizoen hat Jelte-Pieter Dijkstra de seleksje al fersterke kinnen neidat hy ferhúze is fan Heerenveen nei Wommels.
De seleksje begjint foar it earst wer te trainen op sneon 8 augustus.
Bauke | Dijkstra |
Erik | Haitsma |
Frank | Bervoets |
Gerwin | Sijbesma |
Habtamu | de Hoop |
Hendrik | de Jong |
Jaap | Toering |
Jacob Klaas | Haitsma |
Jelte-Pieter | Dijkstra |
Lourens | van der Pol |
Luuk | van der Schaar |
Mark | Klijnsma |
Matthijs | Postma |
Peter | Hoogerwerf |
Pieter | Sijtsma |
Remco | Hylkema |
Stan | Korbach |
Steven | van der Pol |
Teun | Heeres |
Wiebe | Heeres |
Wierd | Hofstra |
SDS 2:
By SDS 2 is keeper Sjoerd Wiersma stoppe en Elger Turksma is wer fertrokken nei Blija. Y.f.m. in nije knibbelblessure hat Inne Heerma foarearst beslúten om te stopjen. Bote Strikwerda is nei SDS 3 gien.
Nij yn de seleksje binne de jongemannen fan de JO19-1, Kent van der Schaar, Wessel Schraa en Sietse Stoffelsma.
Peter Stuiver sil mei Mark Klijnsma útmeitsje wa ’t der keepe sil.
Der wurdt noch drok socht nei in nije trainer.
Arjen | Los |
Dirk | de Jong |
Ewout | de Boer |
Jesse | van der Weide |
Jildert | van der Werf |
Jort | Strikwerda |
Jurjen | Los |
Lieuwe | Vriesema |
Niels | Hazewindus |
Peter | Stuiver |
Robin | van der Weg |
Sjoerd | de Vries |
Steven | Vellinga |
Tjeerd | de Vries |
Wesley | van de Wint |
Wietze | Yntema |
Kent | van der Schaar |
Wessel | Schraa |
Sietse | Stoffelsma |
SDS 3:
SDS 3 hat der twa fersterkingen by krigen. Kerst Hoekstra is 43 jier en hat yn it ferline by WZS, WPB en Sneek-Wit-Zwart fuotballe. No’t hy yn Reahûs wennet like it him wol wat om by SDS te baljen. Hy is fan herte wolkom.
Fan SDS 2 komt Bote Strikwerda oer dy ’t nei in flinke achillespeesblessure it yn it tredde probearje wol.
SDS 3 is noch op syk nei in nije leider.
Anne | Stenekes |
Bote | Strikwerda |
Cor | van de Belt |
Haije-Jan | de Boer |
Hendrik | Engbrenghof |
Jelmer | Posthumus |
Kees | Adema |
Mark | Postma |
Marten | Faber |
Pieter | Kamstra |
Piter | van der Pol |
Sjoerd | Rispens |
Skelte | Anema |
Stefan | van Krimpen |
Watze-Jacob | van der Wal |
Willem | Wijnia |
Yward | Zijlstra |
Kerst | Hoekstra |
SDS 4:
By SDS 4 binne Steffen Bruinsma en Martijn Rispens stoppe. Beide geane foarearst fierder yn ‘e ruften……
Allert | Turksma |
Andries | Lanting |
Arjan | Hallema |
Bauke | Fopma |
Bram | Strubbe |
Broer Jacob | Greidanus |
Doede | Sijszeling |
Doede-Rients | Okkema |
Eeltje | Postma |
Gerrit | Tessemaker |
Gert-Jan | Hessels |
Ids | de Boer |
Igor | Kalinowski |
Jelmer | Brouwer |
Johan | Postma |
Johannes | Abma |
Jorrit | Veldman |
Klaas Bouke | Faber |
Pieter | de Vries |
Ralph | Wariman |
Remon | Bouma |
Rick | Hendriks |
Sytse | Hibma |
Thomas | van der Meer |
Tseard | Verbeek |
Wietse | Vink |
SDS 5:
Dé sterkhâlder fan SDS 5, Pieter-Lieuwe van der Valk is stoppe mei fuotbaljen. Nei mear as 35 jier fuotballe te hawwen jout hy no de foarrang oan it hurdfytsen, trekkerriden, reedriden en de faam.
Foar de rest bliuwt de seleksje itselde as it ôfrûne seizoen. Ek Daan bliuwt flagjen.
Anco | Elgersma |
Auke | Hiemstra |
Dirk-Yde | Sjaarda |
Doede Douwe | Koopmans |
Feite | de Haan |
Gert-Jan | Hiemstra |
Harm | Stremler |
Harm-Auke | Dijkstra |
Henk | Postma |
Ids | Boersma |
Jan-Simon | Jelsma |
Jentsje | Jorritsma |
Jeroen | Wagenaar |
Klaas | van der Weg |
Peter | Sybesma |
Robert | Sybesma |
Ronny | Wagenaar |
Syb | Overal |
Tjeerd | Dijkstra |
Tsjipke | Okkema |
Wichard | Deinum |
SDS 6:
Dizze mannen sille it dwaan foar SDS 6 mei yn elts gefal in soad wille. Der binne noch wat kontraktbesprekkingen dwaande, dus hooplik wurdt de seleksje noch wat grutter. It soe al moai wêze as sy der noch wat lju by krije, sadat sy wat rommer yn de spilers komme.
Eljer Wiersma hat al oanjûn wol flagje te wollen by dit team fan syn âld-teamgenoaten.
Aiso | Agricola |
Epke | Boschma |
Gerben | Gerbrandij |
Halbe Willem | Overal |
Jeffrey | Werf |
Jorrit | Engelsma |
Menno | Brunia |
Michael | van der Weg |
Michiel | Zuidema |
Ruben | Fennema |
Steijn | Groothof |
Wiltsje | Aardema |
Mochten der fragen wêze dan kinne je terjochte by de Technysk Direkteur fan SDS, Jaap Toering of fia info@vv-sds.nl.