Seleksje SDS Vr.1 2020-2021

Seleksje SDS 1 2020-2021 +oefenprogramma
30 juni 2020
Seleksjes senioaren 2020-2021
1 juli 2020

De seleksje fan SDS Vr.1 foar folgend seizoen is rûn!

Annemiek Popma en Sandra Hilverda wienen der ôfrûne seizoen bykaam om de blessures yn de seleksje wat op te fangen. Sandra is der foarearst wer mei stoppe. Annemiek is noch by hege need opropber. Benthe Okkema en Ilse Schuijff binne der yn de rin fan foarich seizoen al mei stoppe. Sietske Okkema is der nei in blessure en tefolle oare drokte ek mei stoppe lykas Esther van der Eems.
Richtsje Strikwerda krijt in lytse poppe, dus is der oan it begjin fan it seizoen net by. Hooplik slút sy nei de winterstop wer oan.
Moai om te sjen dat der 4 famkes by kaam binne fan de MO19. Dit binne Petra Koopmans, Hedwich Pater, Marit Albada en Froukje Altenburg.
Wybrich-Anne Bruinsma is wer by SDS fuotbaljen kaam nei in flinke blessure en in skoftke by in 7-tal fan VV Oosterlittens fuotballe te hawwen.
Lysanne Wiersma is hersteld fan in slimme kinibbelblessure en sil it wer probearje.

Akke-Rixt Zijsling is kommend seizoen wer coach fan Vr.1 en Tarina Veenje is wer leider.
SDS Vr.1 stie it hiele seizoen boppe-oan, mar in kampioenskip siet der troch de Koroana net yn. Wol sil Vr.1 it hegerop probearje. Vr.1 sil it kommend seizoen fuotbalje yn de 3e-Klasse.

It tariedingsprogramma is noch net hielendal bekend, mar de earste training sil yn elts gefal op moandei 10 augustus wêze.

Dit is de seleksje:
Marit Albada
Froukje Altenburg
Wybrig Anna Bruinsma
Janieke Dijkstra
Elske Galema
Marjo Groothof
Kirsten Hiemstra
Marrit Hiemstra
Hester Kingma
Petra Koopmans
Gerry Edou Mollema
Hedwich Pater
Richtsje Strikwerda
Seriette Strikwerda
Femke Terpstra
Jeska Terpstra
Sieta Tessemaker
Jildou Sweering
Alissa Veenje
Lysanne Wiersma
Dina Zwaagstra
Annemiek Popma (opropber)