Seleksjes foar sneon 18-9

Weppers freed 17-9-2021
17 september 2021
Sneon 18-9-2021
17 september 2021

De seleksjes foar sneon binne wer rûn. It sjocht der sa út. It koe wolris in moaie sneon wurde. No al nocht yn.

SDS 1 – Minnertsga 1 (beker)

De lêste bekerwedstriid. De gasten hawwe al 6 punten, SDS 1 hat er 3. Winne is needsaak om troch te gean en dan noch is it ôfwachtsjen. Doelsaldo kin fan belang wêze mar ek AVC 1 dat tsjin CVO 1 fuotballet. Winne de Seisbierrumers mei grutte sifers dan wurdt it foar SDS en Minnertsga lestich om troch te gean.
De wedstriid begjint om 15.00 oere.

13.45 aanwezig
14.00 bespreking
14.15 omkleden
14.30 warming-up

1 Jaap ©️
2 Luuk
3 Erik
4 Gerwin
5 Remco
6 Wierd
7 Peter
8 Pieter
9 Hendrik
10 Matthijs
11 Wesley
12 Anco (eerst in SDS 2)
13 Gerbrand
14 Luka
15 Sjoerd

Flagger: Lourens.

SDS 2- Nijland 2 (beker)

SDS 2 en Flevo Boys 2 hawwe beide 4 punten yn dizze poule. Sij út Emmeloord moatte tsjin Balk 3 en SDS hat de streekderby tsjin Nijland. Spannend! It begjint om 14.30 oere yn Easterein en dizze mannen wurde om 13.30 oere op it sportkompleks ferwachte.
De seleksje: Anco, Douwe-Jan, Mark, Stijn, Arjen, Bauke, Ewout, Jort, Kevin, Lieuwe, Niels, Robin, Sietse, Tjitse, Tom en Wessel.
Lieder is Jesse van der Weide. Willem nimt de koaching op him.

SDS 3 – Bolsward 3

Krijt de fleanende start fan SDS 3 in ferfolch tsjin sc Bolsward 3? Jim kinne it sjen om 12.30 oere. Dizze mannen wurde om 11.30 oere op it sportkompleks ferwachte:
De seleksje: Anne, Bote, Frank, Haije-Jan, Hendrik, Inne, Jacob-Klaas, Jelmer, Jildert, Marten, Piter, Ralph, Tsjipke, Watze-Jacob en Willem.
Jan-Friso makket syn debút as lieder.

SDS 4 – Workum 4 g.n.t.

Soe it dan no echt begjinne foar SDS 4? Workum 4 soe op besite komme, mar hawwe mar 7 spilers. It giet dus net troch.
Aiso, Bauke, Eeltje, Gerben, Gert-Jan, Jeffrey, Jorrit, Leon, Michael, Peter, Thomas en Wiltsje moatte no mar efkes by SDS 1 te sjen. Dan kinne se yn elts gefal de tredde helte noch efkes los.

vv Nijland 4 – SDS 5

Ek SDS 5 hat in streekderby tsjin Nijland.  Yn Nijlân begjint it 13.30 oere. Dizze seleksje fertrekt om 12.30 oere út Easterein.
De seleksje: Harm-Auke, Dirk, Dirk-Yde, Doede-Douwe, Feite, Gert-Jan, Henk, Ids, Jentsje, Jeroen, Kerst, Klaas, Robert, Syb en Michael.

SDS JO19-1 – SVM/TONEGO JO19-1

SDS JO19-1 hat de smaak te pakken nei de winst dizze wike tsjin vv Scharnegoutum JO19-1. Ien sweltsje makket allinnich noch gjin simmer. SVM/TONEGO JO19-1 is hjoed de tsjinstanner en dy hawwe sawol Scharnegoutum JO19-1 as Sneek-Wit Zwart nei de slachtbank lieden. Moarn om 10.30 oere kinne wy sjen as de mannen fan de JO19-1 harren mantsje wat stean kinne. Winne sit der heechstwierskynlik net yn, mar striid kin miskien noch hiel wat opleverje.
Dizze mannen meie it moarn dwaan:
Eeltsje, Luka, Tjerk, Tim, Sije, Thomas-Oane, Gerbrand, Jelte, Jelmer D, Wessel, Steijn, Pieter, Niels en Jente.

Wa binne der net?

Jelte-Pieter (bekomme fan de houliksnacht)
Lourens (knibbel)
Stan (earmtakke)
Steven (ankel)
Teun (hamstring)
Wiebe (ljisk)
Jesse (holle)
Jurjen (alwer in wykein fuort)
Kent (hamstring)
Sjoerd de V. (kij melke)
Habtamu (regere)
Kees (boeven fange)
Mark (skutting boue)
Sjoerd R. (bekomme)
Skelte (geweldich toanielspylje)
Stefan (feest fiere)
Steven (gjin idee)
Yward (Mark helpe)
Allert (hûs opknappe)
Andries (
Arjan (nei sc Heerenveen)
Broer-Jacob (keatsbestjoere)
Tseard (bekomme fan Jelte-Pieter syn houlik)
Thijs (wurkje)
ensfh.