Sealwepperkes

Op de fyts??
20 oktober 2004
SDS League: De Fytsemakkers pakke wykpriis
21 oktober 2004

Hjir alles oer de sealwedstriden fan juster.

SDS 1 ferliest ûngelokkich
SDS 1 ferlear justerjûn wat ûngelokkich fan Heerenveen 2. Yn sporthal de Telle waard ferlern mei 4-3.
Mei Durk Okkema as coach, yn plak fan Willem Overal, begie SDS net gek. Heerenveen fuotballe, mei Haresh Sharma yn ‘e basis, en SDS bewarre it geduld en kaam mei 1-0 foar troch Willem. Dit koe SDS lang folhâlde oan ’t de skieds Tsjipke derút stjoerde foar praten. Lyk waard it 1-1. Foar de rêst waard it noch 2-1 troch deselde Tsjipke. SDS koe it krekt net hâlde oan ’t de rêst en yn ‘e blessueretiid waard it 2-2. Yn de twadde helte bleaun Heerenveen oanfallen en SDS kaam der sa no en dan gefaarlik út. Al gau moast SDS wer mei in man minder doe ’t Harm it field ferlitte moast mei in giele kaart. SDS krige it dreech mar koe it mei in man minder lyk hâlde. Dochs kaam Heerneveen foar it earst op foarsprong. Efkes letter waard it wol wer lyk (3-3) troch in knap skot fan Harm. SDS bleaun oanfallen en like winnen te gean. Troch in foutsje sa ’n 2 minuten foar tiid koe Heerenveen dochs noch de 3 punten thús hâlde(4-3). In lyk spul wie terjochte west. Helaas waard SDS troch de skiedsrjochter aardich benadeelt. Net allinne tidens de wedstriid(?!).

SDS 2 – Res 1 7-2
Under it tasjend each fan 5 SDS supporters op de bank (Klaas,Klaas,Robert,Durk en Aant) spile SDS 2 in goeie gekonsintrearde partij. Einstân wie 7-2. Wolle jim witte wa’t 6 kear skoorde: lês dan it ferslach fan Skelte dat wierskynlik hjoed al komt. (it is op lêst ek fakansje)

Renado 5 – SDS 3 2-5
SDS 3 pakte juster ek wer ris trije punten. Yn Sint Nyk wienen sy folle better as Renado en wûnen mei 5-2. Sy kamen al mei 1-0 efter mar doe ’t sy dêrnei samar mei 4-1 foar stienen wie de wedstriid spile. De goals waarden makket troch Harm-Auke, Klaas, Jacob (2x) en Ids. Opmerklik wienen de trije giele kaarten. Sawol Tsjerk, Jacob en Harm krigen in giele kaart en mochten 2 minuten op it strafbankje sitte. It meast opmerklike oan ‘e wedstriid wie it missen fan in penalty fan Harm Auke Dijkstra. Hy soarge hjirmei foar in primeur. Hy is de earste Tsjerkwerter yn it Clarence-Sluier-klassemint.