SDS League: De Fytsemakkers pakke wykpriis

Sealwepperkes
20 oktober 2004
Wepperkes -tongersdei-
21 oktober 2004

Nei in wike rêst is hjir dan dochs wer in nije stân fan de SDS League. Der wienen net folle punten te ferdielen. Dit die wol bliken út it oantal punten fan de winner fan de wykpriis. De Fytsemakkers fan MW út W. hienen mar 33 punten. De hichte fan ‘e wykpriis(12 euro) bliuwt ûndanks dat al lyk.

De Puntenpakkers(SP) pakke net allinne punten mar ek de kop fan it klassemint. Hy nimt dit plak oer fan 50 Gerardcent(GvA). Troch alle aandacht fan ‘e froulju dy ’t de coach fan dit team krige mei syn kopposysje yn ‘e SDS League koe hy de kop net by it fuotbaljen hâlde. Hjirtroch sakket hy no fan 1 nei 2.

Ûnderyn rint Married with Football(SvB) ien puntsje út op OKB(SS). Sa stiet OKB wer allinnich ûnderoan.

Forige wike hawwe wy in lyts flaterke makke. It wie net Blyn foar de pot(DdJ) dy ’t de wykpriis pakte mei 56 punten, mar it wie Pieter Kamstra dy ’t mei 58 punten de wykpriis hie fansels. Ús ekskuses hjirfoar. Opfallend wie dat net ien it opmuorken hat.

Groeten, Willem.

Hjir kinne jimme de hiele stân besjen: wike 5