Sealwepperkes (tongersdei)

Nijlân is al klear foar de derby
29 september 2004
Fryske wepperkes
30 september 2004

SDS 2 giet ûnderút tsjin ZVVS
SDS 2 is juster flink ûnderút gien yn ‘e thúswedstriid tsjin ZVVS. Sy ferlearen thús mei 9-1. De coaches Hendrik Kuiper en Dirk de Jong koenen der neat mear oan feroarje. Willem Overal hat ek noch wat tips jûn. It ferslach wie hjoed al gau binnen by ús en dat is in hiel sterk punt fansels. Hjir it ferslach fan Skelte Anema. De titel seit al in soad.

Slecht 

Nei twa nederlagen op rij ha wij, it twadde sealteam fan SDS, juster wer ferlen. Mei 1-9 fan ZVVS út Staphorst. We tochten licht yn it foardiel te wezen omdat ien fan de mannen út Staphorst net in jildige legitimaasje bij him hie. Derom mocht hij net meidwaan en hie Staphorst mar 5 man, dus gjin wiksel. Ús strijdplan wie dan ek om direkt druk te setten en se dêrtroch wurch te spyljen. Dat slagge net. En we stoenen dan ek al gau mei 0-3 achter. Doe’t Tsjeard Halbersma út Kubaard de 1-3 skoarde like d’r noch in bytsje hoop te wêzen. Mar dernei sakten we wer ien en mocht Samme de iene nei de oare bal út it net fiskje. We kinne hjir sprekke oer in kollektief falen en we meie ús best in bytsje skamje. Omdat we folgjende wike net hoeche te fuotbaljen kinne wij moai twa wiken neitinke oer ús wanprestaasje. Mei de hoop dat we oer twa wiken yn Ens een positief resultaat behelje.

Bekerje tsjin Elim
SDS 1 bekert kommende woansdei thús tsjin Elim. Wichard Deinum mailt ús dat Elim yn Drinte leit, yn ‘e buert fan Hoogeveen. Willem Overal koe ús fertelle dat Elim ek 1e Klas spilet en op dit momint boppe-oan stiet. In drege dobber dus.

Midwintercup 2005
De opset fan ‘e Midwintercup 2005 is wat oars dan de foargeande jieren. der sille no foarrondes oan te pas komme en de finales wurde yn ‘e Trije spile yn Frentsjer en dus net mear yn it FEC. Der wurde ek foarrondes spile yn Easterein. Dit sil barre op woansdei 5 en tongersdei 6 jannewaris 2005. Set it fêst yn ‘e aginda.

Wepperkes
Hawwe jimme noch wat? Mail it nei
info@vv-sds.nl.