Fryske wepperkes

Sealwepperkes (tongersdei)
30 september 2004
Seleksjes sneon SDS 1,2,3,4 en 5!
1 oktober 2004

Frysk

De lêste tiid is it Frysk tige yn it nijs. It giet dan om de fraach werom wy as Friezen ús altiten  ferbrekke en om it feit dat er te min Frysk skreaun wurdt.

Wy moatte sizze dat wy dêr by SDS gjin lêst fan ha. Wy besykje sels it Frysk wat yn stân te hâlden en sjogge dat ek oaren dêrtroch Frysk begjinne te skriuwen. Skitterjend fine wy dat.  Fansels binne wy like wiis mei de oarstalige stikken salang it mar net Sjinees is.

Wy hawwe it Stipepunt Frysk witte litten dat at minsken yn Fryslân alle dagen in aardich Frysk stikje lêze wolle dat se by ús wêze moatte.

Wy krigen fan harren in mailtsje werom:

Fantastysk!

En mochten jimme ris help nedich hawwe skilje of e-mail ús, dan helpe wy!

 

Ingrid Wagenaar

Stipepunt Frysk

Haadredakteur Fryske Tematydskriften

Einredakteur F-side

 

Wa’t noch wat muoite hat mei it Frysk kin hiel maklik de staveringshifker delhelje. Ek de mannen fan Sabetocht (sitte dêr gjin froulju by?) binne tige Frysk en hawwe in link makke nei de hifker.

 

Sneon
Sneon kinne je hast fergees nei Amsterdam ta. Alteast at je lid binne fan de fakbûn. No is it doel fan de demonstraasje prima mar soks moatte se net op sneon hâlde. In dei troch de wike is better. Wy binne benijd at de lieders tongersdeitejûn de alvetallen maklik gearstalle koene.

 

Elim
Moai dat Wichard Deinum wit wit wêr’t Elim leit. It soe noch moaier wêze at de Elimmers witte wêr’t Easterein leit. Want it is fansels net maklik te reizgjen fan de middle of nowhere nei it midden fan nearne.

Hoewol Elim is of wie ek âldereintehûs yn Boalsert. It is dochs net sa dat er  75 + ploech nei Easterein komt?

 

Nijlân

Yn Nijlân binne se der al klear foar seagen wy dizze wike op dizze side. In wike te betiid liket ús ta. Wy begjinne nije wike mei de tarissing. Wy sille de Nijlanners (mei dúdlik Wommelser ynfloeden) fanôf moandei op de hichte bringe fan de tarissingen. Net om se bang te meitsjen mar om sjen te litten hoe’t in stabile twadde klasser mei in eigen systeem him klear makket.