Sealfuotballers kloppe RES

Clubscheidsrechters gezocht
7 januari 2003
SDS 1 en 2 beide útskeakele yn it FEC
17 januari 2003

De oprop op dizze side om supporter te wêzen fan SDS 1 (futsal) tidens de wedstryd tsjin RES op 8 -1- 2003 wie in grut sukses. De talrike supporters waarden net teloarsteld.

SDS wûn yn in prima wedstryd mei mar leafst 8-2. De foarsprong docht foarkommen dat it in iensidige striid wie. Dat wie seker net sa. SDS kaam wol nei 1 minuut al op 1-0 troch Robert nei in helpbal fan Willem, it duorre lang foar dat it 2-0 waard. Yn dy tusken tiid wie it doelman Jan Simon Jelsma dy’t in oantal prachtige rêdingen hie.

2-0 waard it trochdat in skot fan Feite de Haan troch in eigen spiler fan RES yn it eigen doel wurke waard.

Foar de thee die RES noch wat werom mar troch aksjes fan Willem en Robert koe Harm skore.

Yn de twadde helte joech Tjipke Klaas Okkema in helpbal op Willem Wijnia en dy skoorde.

Dêr nei wiene der 4 doelpunten fan SDS te sjen de iene noch moaier as de oare.

Robert op Harm dy’t 5-1 skoort

Willem op Robert dy’t 6-1 oantekent

Harm op Robert dy’t de 7-1 foar syn rekken nimt

en Harm mei in prachtige aksje wêryn hy him sels frijspilet en behearsd de 8-1 skoort.

It waard noch 8-2 mar dat wie yn de lêste minuut

Jeroen Brouwer en Tjipke Klaas Okkema wiene prima ferfangers foar de blessearde Anne Stenekes en Peter Sijbesma.

SDS 1 stiet er no wer prima foar yn dizze klasse.