SDS 1 en 2 beide útskeakele yn it FEC

Sealfuotballers kloppe RES
9 januari 2003
SDS A1 wint fan it 2e
17 januari 2003

Sawol it seal- as fjildteam fan SDS binne woansdei en tongersdei útskeakele op it kampioenskip om de Midwintercup yn it FEC yn Ljouwert. Beide ploegen binne dus sneon frij wannear de finales spile wurde.

 

It sealteam fan SDS spile woansdeitejûn yn it FEC. De earste wedstriid moasten sy lyk flink oan ‘e bak tsjin it 1e sealteam fan Warkum. SDS like net goed wekker en kaam der eins de hiele wedstriid net oan te pas. It fjild wie glêd en dêr hie SDS dúdlik mear problemen mei as Warkum. Warkum spile in klasse better en wûn mei 2-0. Foar SDS wie it hjirnei dúdlik. Alles moast wûn wurde om noch yn oanmerking te kommen foar it earste plak. De wedstriden tsjin MKV en Oeverzwaluwen waarden beide wûn, mar de fjirde wedstriid tsjin De Wâlde gie it mis. SDS begie slop en stie binnen tsien sekonden al mei 1-0 achter. De âlde rotten fan De Wâlde (sy wûnen dit toernoai tsien jier ferlyn en spylje noch altiten mei itselde team) spilen ferdedigjend en kamen der soms gefaarlik út. It waard 1-1, mar al gau stie SDS wer mei 2-1 achter. It waard út in penalty fan Harm Stremler 2-2 en SDS sette alles op alles om de winnende goal te meitsjen. De Wâlde koe hjir fan profitearje troch yn ‘e “zoemer” de 3-2 te meitsjen. Foar SDS wie it toernoai dien en ferlearen de lêste wedstriid ek noch fan Udiros mei 2-0. Warkum waard groepswinner, al spilen sy noch twa kear gelyk.

 

It fjildteam fan SDS moast tongersdeitejûn spylje yn it FEC. Sy begûnen goed mei in 3-2 oerwinning op VCR. Yn ‘e twadde wedstriid moasten sy tsjin CAB. In goeie ploech dy drecch te bespyljen is. SDS kaam al gau mei 1-0 achter, mar koenen 1-1 meitsje troch in goal fan Skelte Anema, wa at liend wie fan de A-junioaren. SDS koe it allinne net hâlde efteryn en ferlear mei 3-1. Neidat sy dernei ek ferlearen fan SC Franeker en ZVF wie it toernoai dien. De lêste wedstriid tsjin Sparta Deinum wie de muoite fan it besjen noch wol wurdich. SDS wûn dizze wedstriid noch efkes mei 5-1. Opmerklik wie dat alle 5 goals yn dizze wedstriid makke waarden troch Floris Hiemstra(!). ZVF waard yn dizze poule earste.

 

Freedtejûn en sneon binne der noch poulewedstriden yn it FEC. De finalewedstriden binne fanôf 16.00 oere. It is in oanrieder om hjir efkes te sjen al docht SDS net mear mei.  

 

Útslagen SDS seal: 

Workum1 – SDS      2-0

SDS – MKV2          2-0

Oeverzwaluwen – SDS  2-3

SDS – De Wâlde2    2-3

Udiros – SDS           2-0

 

Útslagen SDS fjild:

VCR – SDS        2-3

SDS – CAB        1-3

SC Franeker2 – SDS   1-0

ZVF – SDS         2-0

SDS – Sparta’59 5-1