SDS Vr.2 no 7-tsjin-7!

Weppers woansdei 25-2
24 februari 2015
Weppers tongersdei 26-2
26 februari 2015

Om ’t de froulju fan SDS 1 en 2 dochs wol gauris te min froulju hienen foar it winterskoft is besletten om Vr. 2 yn it foarjier út komme te litten yn de 7-tsjin-7-kompetysje. It hat efkes duorre by de KNVB, mar hjoed foel dan eindelijk de nije kompetysje-yndieling fan Vr.2 by ús troch de bus.

Sy sitte yn de folgende kompetysje:

Arum
Harlingen
Oosterlittens
Zeerobben
SDS Vr. 2

No binne de froulju noch wol altiten op syk nei in leider. Der is wol ien dy ’t efentueel leiderje wol, mar dy wol der graach ien by hawwe.
Wa soe dit dwaan wolle?
Sneon 7 maart moatte de froulju heechstwierskynlik foar it earst los, dus wy hoopje it dan foarinoar te hawwen.

Eeltje Postma en Bram van Beem traine it ploegje de iene wyks op woansdei en de oare wyks Douwe-Dirk Reitsma.
Ek hjir soenen wy graach noch ien by sjen dy ’t de froulju in kear yn de wike traine kin.
Wa wol?

Mail nei info@vv-sds.nl
!