Weppers woansdei 21-10-2020

Weppers freed 16-10-2020
16 oktober 2020
SDS stypje mei Rabo ClubSupport!
21 oktober 2020

ING op ‘e nij stiper!

Wy binne tige wiis dat wy melde kinne dat de ING de kommende 3 jier SDS op ‘e nij stypje wol. ING hat twa moaie sponserboerden rûn it fjild, mar ek dit prachtige wolkomsboerd by de yngong is oanbean troch de ING.

Oefenje

De fuotbaljeugd mei ûndanks alle coronamaatregelen lokkich genôch noch wol traine en efentueel ek binnen de klup tsjinelkoar balje. Der mei hjirby gjin gebrûk makke wurde fan klaaiboksen en de kantine. Us wedstriidsekretaris Syb Overal hat foar sneon ynmiddels al 8 teams dy ’t op dizze manier tsjinelkoar oefenje.

Sneon 21 novimber wer los?

Wy moatte dochs mar hoop hâlde dat wy mei in pear wiken wer balje meie. Foar SDS 1 is de earste wedstriid dy ’t op it programma stiet op sneon 21 novimber thús tsjin Makkum. Wy wachtsje it rêstich ôf.

De nije SDS-League

Troch de korona-perikels wie it dit kear wat mear wurk foar it SDS-League-komité om alle nije teams foar de SDS-League yn te fieren yn de kompjoeter. De teams koenen dit kear net yn de kantine ynlevere wurde, dus der waarden allegear oare paden bewandele. Sa kaam der mei post, app, mail, Facebook en fia foto’s fan kladbryfkes. Ynmiddels steane alle 51 teams yn de kompjoeter en komme wy moarn mei de earste stân. Wy kinne hast net wachtsje!

De nije Treffer

De nije Treffer leit by ús drukker en haadstiper Van der Eems yn Easterein en as alles mei sit dan leit der dit wykein by jim troch de bus.

Rabo ClubSupport

Ferjitte jim net om op SDS te stimmen by Rabo ClubSupport? Dit kin noch oant en mei kommende snein 25 oktober. Jim kinne hjir lêze hoe ’t it moat.

Harsens derby (2263)

Ho!