SDS Seal 1 wint fan Warkum

SDS 5 spilers matennaaiers?
9 december 2002
Jappie Wijnia nije foarsitter jeugdkommisje
15 december 2002

SDS hat justerjûn syn wedstriid yn en tsjin Warkum wûn mei 7-1. De wedstriid wie allinne yn ‘e earste helte spannend. It oanfallend spyljende SDS koe net troch de muorre fan ferdedigers fan Warkum komme. Neidat Robert Sybesma de 1-0 makke, makke Warkum al gau wer gelyk nei in lyts foutsje yn ‘e ferdediging fan SDS. SDS kaam foar rêst wat gelokkich op 2-1 neidat ien fan Warkum per ûngelok yn eigen goal skeat. Nei rêst hie Warkum net folle mear yn te bringen en lieten sy nei de 3-1 hielendal te hollen sakje en koe SDS noch útrinne nei in 7-1 oerwinning. Hjirmei stiet SDS op in earste plakje yn ‘e 2e klasse. Sy moatte noch ien wedstriid foar it winterskoft. Dit is woansdei 18 desimber de topper tsjin direkte konkurrint Lemsterlân. Supporters kin SDS altiten brûke. De wedstriid begjint folgende wike om 21.50 yn ‘e Lemmer.

Doelpunten:
Robert Sybesma
Peter Sybesma
Feite de Haan
Harm Stremler
Anne Stenekes
Willem Wijnia
Eigen doelpunt
(Allegear ien doelpunt dus, allinne keeper Jan Simon Jelsma net).