SDS 5 spilers matennaaiers?

Jan Stenekes skutter by SDS 4
9 december 2002
SDS Seal 1 wint fan Warkum
11 december 2002

Matennaaiers.

In wol tige fanatike supporter fan Rijperkerk hie neffens ús net in grutte wurdeskat. Neffens ús hie hy de opdracht mei krigen om mar ien ding te roppen at it net nei de sin gie.

In oanfal fan SDS en in skot fan Gerard Posthumus gie it doel yn. It wie in ûnmooglike hoeke. Wy koene ús net foarstelle dat de bal yn it doel siet ek al wie it skot fan Gerard dien mei wite skuon.

De doelman wist gelyk te melden dat in grut gat yn it sydnet hjir skuldich oan wie.

De skeids dy’t oars op gjin inkele wize reagearde op roppen , seach mei eigen eagen dat dit gjin jildich doelpunt wie.

Wy wiene der ek net fan útgien en protestearden ek net.

“Matennaaiers, matennaaiers”, rôp ien of oare heale soal oan de kant. Krekt at wy dat gat dêr makke hiene.

Miskien kin immen yn dy buert útlizze dat in matennaaier hiel wat oars is.