SDS op it OFK 2016

Help de RABO SDS stypjen!
8 december 2015
SDS op it OFK 2016
9 december 2015

Ek dizze winter dogge SDS 1 en de âld-sealfuotballers fan SDS 1(seal) wer mei oan it Iepen Frysk Kampioenskip Sealfuotbal(OFK). De froulju fan SDS vr. 1 dogge dit jier net mei.
It OFK wurdt ferspile yn De Trije yn Frjentsjer. Sneon 9 jannewaris binne de finales. De fjildfuotballers treffe yn de foarrondes û.o. de sealfuotballers fan Drs. Vijfje en Blauw-Wit ’34 1.
De âld-sealfuotballers sitte by sc Berlikum yn de poule. Hjir troch waarden sy ferline jier noch útskeakele. De fjildfuotballers hawwe harren foarrondes op tongersdei 7 jannewaris en de sealfuotballers op woansdei 30 desimber. Meastentiids is it de muoite wol wurdich om efkes yn Frjentsjer te sjen.

Poule H4 woansdei 30 desimber
     
VCR  
VVI                           
SC Berlikum
SDS (âld seal)
Oeverzwaluwen (fjild)
SC Franeker (sneon)

Poule H11 tongersdei 7 jannewaris
ONS Sneek
SDS (fjild)
vv Marrum
Drs. Vijfje
Futsal Buitenpost 2
Blauw-Wit ’34 1 (seal)