Aldjiersdei-weppers
30 december 2015Weromsjen op sneon 2-1
3 januari 2016Op sneon 2 jannewaris is de jierlikse nijjiersit fan SDS. Wij hoopje dat it wer krekt sa aardich is as ferline jier. Alle leden, belangstellende supporters, sponsers, freonen binne wolkom.
It programma:
Rinne (13.00 oere)
Gewoan in rûntsje fan in kilometer as 6 rinne yn ús moaie omjouwing. Wat omsjen en bijprate…..
Drave (13.30)
In net al te lang rûntsje fan in kilometer as wat. Koarter as ferline jier dus foar elkenien te dwaan. Foar de sportive útdaging.
Snertite
En dan is der snert. Nei dizze sportive ynspanningen efkes op krêft komme.
We are one
Mark Postma sil ús iets fertelle oer it We Are One prinsipe
Toa(r)ste op it nije jier
Underwilens is de toarst nei al dy ynspanningen ek oankommen en toaste wij op it nije jier. Efter de bar Jan Friso, Pieter, Elger en Bauke.
Kwiske
Ploechjes fan fjouwer/fiif man/frou bûge harren oer wat fragen oer fan alles en noch wat. Yn 20 minuten moat dat slagje. Hokker twa teams pleatse harren foar de finale?
League
Wa is de winner fan de earste helte fan de SDS league?
En wa mei de poedelpriis mei nei hûs nimme?
De priiswinners/ferliezers wurde bekend makke.
Treffer-krystpuzzel
Troch middel fan lotsjen wurdt bekend makke wa ’t in SDS-sjaal wint foar de goeie oplossing fan de Treffer-krystpuzzel.
Kontrakt
It is hast tradysje dat er in kontrakt ûndertekene wurdt op de nijjierssit. Wa soe it wêze?
Finale kwis
Dit binne de winners fan ferline jier. Sij wûnen de finale efter it ferneamde TheodeJong-drukapparaat. Ek no wer in twastriid mei de twa beste teams.
Draaiend-Rad
Tuskentroch wurdt der ek noch efkes 2 kear oan it Draaiend Rad draait! Fansels binne der wer lekkere fleisprizen te winnen fan Murk’s Slagerij.
Muzykje, friske en bierke
De mannen efter de bar kinne net allinne goed tapje, se kinne ek soargje foar in goed stikje muzyk wat past bij de stimming.