Weromsjen op sneon 2-1

SDS-nijjierssit 2016
1 januari 2016
Antwurden kwis
3 januari 2016

Bûten
De nijjiersit 2016.  Dy sit begjint altyd mei beweging. Der kin rûn en draafd wurde. In moaie útdaging om de 6,4 kilometer yn in moaie tiid del te setten en krekt efkes earder te wêzen as de oaren.


Sa as Anne Stenekes, dy’t krekt efkes earder wie as Mark (dy’t krekt de hoeke omkomt) en de rest fan de dravers…


Sa as Anne, Mark (2de), Ralph (3de) en Peter (4de) flink flugger wiene as de rest…

  
Sa as Halbe Willem Overal dy’t Rudy Dijkstra krekt foar bliuwe koe mei in sprintsje.. 


Sa as dizze rinners dy’t wer oare rinners foarbleaunen omdat dy in langere route diene…..

 
Sa as Tjalle Durk van der Eems, de jongste dielnimmer dy’t net allinne syn heit op de fyts foarbleau mar ek syn mem


Sa as Jaap dy Jacob foarbliuwt of is it Jacob dy’t Jaap foarbliuwt


Sjoukje van der Eems dy’t as earste frou oer de streep kaam…. en alle oare froulju dy’t foaral net meidiene dus foarbleaun

 


En Marten Faber dy’t twivele tusken rinne en drave en dus wat rinners foarbleaun

Binnen
Yn de kantine stie de snert wer klear foar de leafhawwers en nei in waarm brûske gie dat er wol yn. 
Om goed healwei fjouweren wie it tiid foar it binnenbarren.
Willem spruts syn fertrouen út yn meardere aspekten fan de klup en sjocht dan ek hoapfol foarút

 
Mei it ûndertekenjen fan it kontrakt, ferbûn Marco Hoekstra him as trainer oan SDS, ûnder tafersjoch fan syn broer Robert dy’t him assisteare sil.


De prizen foar de SDS leaugue waarden útrikt en oan de foto is wol te sjen dat Ralph net echt bliid is. Wol mei syn lêste plak mar dat it er dat diele moat mei syn “grutte broer” Rudy fynt hij mar neat.  In sjaal diele is ek lestich.

 
Durk Okkema bleau lekker oan de bar sitten atWillem meidielt dat hij de winner fan de league is……

 
Dêrnei in prachtich ferhaal fan Mark Postma. Hij fertelt op moaie en ynspirearjende wize hoe’t je as team, as klup,  as bedriuw neffens it We are One prinsipe wurkje kinne en wat dat betsjutte kin…


Ynteraktyf wie it ferhaal fan Mark, dus moasten de hânnen ynien, de earmen oerelkoar of de eagen ticht en wize nei it noarden


Erik Haitsma krige persoanlik noch wat oefeninkjes te dwaan….


Doe wie it tiid foar it harsensskrabjen. 10 ploechjes fan 6 man/frou bûgden harren oer in flink oantal fragen  en hiene 20 minuten de tiid……. 


…….om it meielkoar iens te wurden oer de antwurden……  Wa sjongt dat ek al wer? Yn hokker provinsje leit Slijkenburg, bij hokker klups spile dy Joris Mathijssen en wat betsjut OWIOS?

Der kamen twa winnende teams út en sij mochten efter it bekinde TheodeJong drukapparaat plaknimme om út te meitsjen wa’t de measte kennis hie op gebiet fan fuotbal, SDS, muzyk en algemien.


Uteinlik waarden dit de winners: Jaap, Mark, Skelte, Immy, Christiaan en Bote dy’t yn de foarronde ek syn stientsje bijdroegen hie.


En wylst barkeeper Bauke Dijkstra de klanten betsjinjen bleau,  koene de oare barkeepers efkes
op de foto.


Syb Overal, Gelf Ykema, Sietse-Pieter de Boer, Hijlko Broersma, Johannes Nauta, Lolke Bouma, Immie Kamstra, Joost Schaap en Tsjalling Bouma hienen allegear de goeie oplossing fan de Krystpuzzel yn de Treffer. Tsjalling Bouma wûn nei lotsjes de SDS-sjaal. Ferline jier wie it noch syn broere Bartele dy ’t de SDS-sjaal wûn. De oplossing wie; “Giet net troch”. Eeltje Postma hie it hast goed; “Giet et troch”.

De antwurden fan de kwis komme letter hjoed …….