SDS nei finales OFK

Weppers freed 14-1
14 januari 2011
Weppers snein 16-1
15 januari 2011

Sawol SDS 1 seal as SDS 1 fjild hawwe harren pleatst foar de finales fan it OFK fan moarn. De SDS-froulju binne der net yn slagge om troch te kommen.

SDS 1 seal hat wat personiele problemen. Jelle de Boer is blesseard en Tsjipke hat swier de gryp. Ek moatte sy jûn noch foar de kompetysje út nei De Harkema. Dizze seleksje moat it moarn dwaan:
Jaap, Feite, Jan-Simon, Jildert, Freek, Wytze en Willem.
Sy fertrekke moarn om 9.15.

Foar SDS 1 fjild dogge deselde spilers mei as yn de foarronde. Dit binne: Marten, Redmer, Jacob-Klaas, Harm, Erik, Skelte en Jacob. Sy ride om 9.20 oere út Easterein. Ferfier wurdt regele troch de spilers.

Programma foar SDS 1 seal en fjild moarn:

10.18 S.D.S. Zaal   Futsal Buitenpost Veld 3,
de Trije rechts
10.18 Sc Franeker   S.D.S. Veld Saxenhal
11.48 Oosterlittens   S.D.S. Zaal Veld 1,
Zaal de Trije links
11.48 S.D.S. Veld   Drachtster Boys Saxenhal
Zaal
13.18 L.S.C. Futsal   S.D.S. Zaal Veld 1,
de Trije links
13.18 S.D.S. Veld   Herauten Veld 3,
de Trije rechts
SDS 1 seal en SDS 1 fjild spylje al harren poulewedstriden spitich genôch tagelyk.

Sjoch hjir foar it hiele programma fan de finaledei.

Alle oare ynformaasje kinne jim fine op de spesjale webside fan it OFK op de webside fan ZVF (sjoch hjir).

Ien kear yn it jier mei dit filmke op de webside en hjoed is it wer sa fier: