SDS League:Feenstra Boys kin de titel hast net mear misse.

Bolswardia-SDS
28 april 2004
Omrop Fryslân
29 april 2004

Sa ’n twa dagen foar de topper Bolswardia-SDS rinne de “Feenstra Boys” fan Boalserter S.F. noch fierder út yn de SDS-League. Der kin eins neat mear mis gean of hy eindigt as 1e yn de SDS-League. Mocht SDS sneon ferlieze dan kin it fansels noch alle kanten op.

“Krek Net”(RS) hat it dit seizoen krekt wol. Al 2 kear pakte hy in wykpriis en no stiet hy al 2e. Mei SDS 5 is hy juster kampioen wurden en it trainen foar de Slachtemarathon giet knap. It hinget wat fan Bolswardia ôf as hy it “Krek Net” as wol rêdt om 1e te wurden yn de SDS League.

“De Waarmrinners” fan S.d.S. meie der wol om tinke. Dizze wike fleane sy fan 7 nei 3. Asen in fêstrinner!

Wy sjogge noch goeie kânsen foar “SyWeBo”. De Boalserter S.W. giet dizze wike fan 16 nei 9. It hinget fan sneon ôf as hy dit trochsette kin.

Grutte winner dizze wike is it “Dreamteam” fan A. en J.P. Ien wike nimt A.P. frij fan it flagjen fan SDS 2 en hy pakt(mei syn soan) lyk de wykpriis. Hooplik sjocht hy sels dit ferbân net, want dan hat SDS 2 in probleem.

It liket my better dat de coach fan de “De Kuiertjes”(SS) dizze simmer mar in soad te kuierjen giet om nei te tinken hoe at it folgend seizoen mei syn team moat. Hy kin jûn yn Easterein lyk meidwaan oan in kuiertocht en folgende wike snein yn Wommels oan ‘e Greidhoeke rintocht. Mar hoopje dat hy dan net op klompen lêst wurdt.

Groeten, Willem.

Jimme kinne de nije stân hjir fine: wike 10