SDS League: Twa nije koprinners!

Seleksjes sneon 9-3
7 maart 2013
Ut- en ferslaggen 9-3
8 maart 2013

Dizze wike hawwe wy twa nije koprinners yn de SDS League. Dat binne Habtamu de Hoop(mei Emke) mei “Happy Feet” en Ayanle Barkat mei “BOCA”. Beide passe wol yn euhhhhhhhhhhhhhhh…… geane Eeltsje Postma foarby.


Ayanle en Habtamu binne wiis mei de kopposysje

Marten Faber giet dizze wike wer ris “Op Naar De Top”. Mei mar leafst 59 punten pakt hy de wykpriis.

Jacob van Wieren skoorde snein noch foar Gronitas, mar dat levere him gjin ekstra punten op foar de SDS League. Hy sakket sels fan it 10e nei it 25e plak.

Alle trije teams hawwe 149 punten en steane dield 29e; “Kabouter Dries”, “Ajarnox” en “Sa’n Marco”. Oftewol PSV, Ajax en Feyenoord.
As dit no mar net de einstân fan de Eredivisie wurdt.

“Ken et za” fan Harm Bergsma stiet noch altiten ûnderoan, mar hat swiere konkurrinsje fan beropskaarter “Gerlof-Jan Servet”.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 3.