SDS League: Thor pakt wykpriis!

Seleksjes sneon 11-5
8 mei 2013
Weppers freed 10-5
10 mei 2013

It is dizze wike “Brúne bananen” fan Thor Ruiter dy ’t de wykpriis pakt. Hy bliuwt “Balletje, balletje” fan Grytzen Broersma krekt 2 punten foar.

“OZZY” hat in wike foar it ein fan de kompetysje it earste plak oernaam fan Veerkracht” fan Bauke Dijkstra. Dochs bliuwt it noch altiten like spannend, want Hendrik Eringa stiet mar 3 puntsjes foar op Bauke en Grytzen Broersma is ek noch net kânsleas foar it kampioenskip. Grytzen stiet mei “Balletje, balletje” op 7 punten efterstân.

It wurdt noch spannend dit wykein yn “huize Sjaarda”. Sawol Dirk-Yde(as “SuperGuidetti) as syn freondinne Imke(mei Jorine as “JorImke”) hawwe 499 punten. Wy binne benijd!

9 wiken lang hie hy de reade lantearn yn de bûse en no liket it derop dat hy dochs de poedelpriis oan him foarbygean litte moat. Harm Bergsma’s “Ken et za” giet dizze wike mar leafst twa plakken omheech en hat it lêste plak oerdien oan “Gerlof-Jan Servet”.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 11.