SDS-League: ‘Strikky’s United’ pakt de wykpriis!

Weppers tiisdei 21-12-2021
21 december 2021
SDS siket in trainer/koach foar de JO19
24 december 2021

It siet der al wat oan te kommen, mar dizze wike is it dan safier. ‘Strikky’s United’ fan Seriette Strikwerda pakt de wykpriis. Sy hie 45 punten en dat wie krekt ien mear as ‘FC Systeemplafond ‘ fan Jacob-Klaas Haitsma en ‘Happy Feet’ fan Emke & Habtamu de Hoop.

Ofrûne wykein kin foar Seriette hielendal net mear stikken no ’t sy net allinnich de wykpriis pakt, mar ek har broer Bote mei ‘FC Munnaps’ foarby giet. It ferskil is twa punten. Dit koe wolris in alderaardichste Kryst wurde by de familie Strikwerda.

‘Vrijdagavond Feest’ fan Matthijs Postma docht goeie saken. Hy nimt ôfstân fan de nûmers 2 en 3 en it koe freedtejûn wolris feest wurde.

Underyn is it o sa spannend. De hiele kompetysje stie ‘Moast dy bal foArjan’ fan Stefan van der Velde ûnderoan, mar in wike foar it ein liket Arjan de bal binnen te koppen. Hy hat dizze wike mar 8 punten en stiet no 2 punten ûnder Stefan.

Nije wike komme wy mei de einstân fan de SDS-League. Wannear dit eksakt plak fine sil heare jim noch.

SDS League 2021-2022 stand earste helte wike 13