SDS League: Sjoukema stiif ûnderoan

Ynkommen stikken
22 september 2004
De ljochten binne no echt klear!
22 september 2004

De puntentelling binne wy ekstra goed neirûn mar it kloppet dochs echt; OKB(Op Klompen Begonnen) fan dhr. S.S. út I. stiet dochs wer stiif ûnderoan. It foarstel fan de famylje Kruijer út Hoogezand om syn teamnamme te feroarjen yn OKO(Op Klompen Onderaan) wie dochs net sa gek.

Boppe-oan ek in hiele feroaring. Nûmer 1 stiet yn ien kear(fan 22) Hey Ho Let’s Go fan W.W. út W. Om ’t hy ek al boppe-oan stiet yn de LC-Coach fertinke wy de puntenteller fan de VI derfân de puntentelling fan de Ljouwerter Krante oernommen te hawwen. Twa dagen hawwe wy socht mar wy kinne gjin fout ûntdekke. Dit is syn team:
Moens(WII),Touzani(TWE), Filipovic(ROD), Wielaert(NEC), Di Tomasso(UTR), Van der Vaart(AJA), Landzaat(AZ), Van Bommel(PSV), Kuijt(FEY), Huntelaar(HEE), en Knopper(VIT).
Opmerklik dat dit ek noch net iens itselde team hat as by de LC.

Mei dit minne waar docht November Rain fan G.T. it wer super fansels(fan 3 nei 2).

Balkenende’s oanpak wurket ek syn fruchten ôf yn de SDS League. Zero Tolerance van BvdW giet fan 23 nei 6.

Robert Sybesma sjogge wy earst net wer yn de top 10. Hy glidet fan 1 nei 17.

Der wienen mear ploegen dy ’t as bakstjinnen sakken yn de SDS League. Sjoch de Feenstra Boys. Fan 26 nei 57(!!!)
 It sil in skoft duorje foardat wy Sjoerd sa wer ris sjogge.

Ûnderyn nêst S.S. noch in âlde bekende. Jawol, Oranje Nassau Groningen fan B.G. út Grins hâldt S.S. ûnderyn wer geselskip.

Groeten, Willem.

Hjir kinne jimme de nije stân fine:
stân wike 2