Weppers tongersdei

SDS League: Sjoerd Rispens pakt wykpriis!
10 december 2009
Oflast en programma 12-12
10 december 2009

Ôflast
Trainen fan it tredde is jûn ôflast.
Gr. Jan

Oflast (2)
Ek it trainen fan SDS 2, 4, 5, 6 is ôflast. It idee om mei it 2de te trainen is Snits is oan de kant skood.

Fytskaai
Wa hat der fan ‘e wike in fytskaai fûn?
Ôfrûne moandei is Gerwin Sybesma him ferlern foar of nei it trainen.
Wa ’t him fûn hat mei maile nei evert.sippie.sijbesma@hetnet.nl


Tige tank
De Sint is werom nei Spanje, mar dochs hâlde de berjochten noch efkes oan:
Leave Lieders van DA1,
Sinterklaas is wat oer de toeren
Hy siet noch efkes yn syn boek te loeren
En doe seach dy beste fint,
Hy hie him aardich wat ferSint
De froulje fan dit alvetal (vaak bin der mar 8, ha ik heard)
Ha de kado’s en de gedichten al
Mar no ha de lieders noch neat fan dizze âld man
En dêr baalt hy al wat fan
No sit it sa, it jild is op
Ek foar Sint hâld it yn dizze minne tiiden in kear  op
Mar Sint woe dochs noch fia dizze wei
Fertelle dat hy jim graach lije mei
Sint en syn knechten wolle jim bedanke foar dit moaie jier
Alles ferlen mar dochs  noch fertier
Twa positieve mannen die de froulje aardich temme kinne
En Sint moat sizze, dan bin je gjin minne
Want se binne somtiiden aardich oerstjoer
En roppe en raze der dan oer
Komplimenten foar dizze heren
Foar yn jim kontsjes hjir wat feren! 

Kusjes,  alle knechten fan Sinterklaas

Lieders en trainers bijelkoar
Justerjûn wiene de lieders en trainers fan de jeugd bijelkoar om werom en foarút te sjen. Wij ferwachtsje de kommende dagen wol wat nijs melde te kinnen út dizze bijienkomst.

SDS 2 seal wint
SDS 2 seal hat juster mei 8-4 wûn by Cambuur ’69. Ids Boersma (4x !!!), Pieter de Vries (2x), Jacob Oostra en Klaas van der Weg makken de goals. Opmerklik oan dizze wedstryd wie dat der spile waard sûnder skiedsrjochter. Neffens André Bons ferrûn de wedstryd sûnder problemen en wie eltsenien nei de wedstryd tefreden.

Krysttoernoaien KNVB
Folgende wike sneon 19 desimber begjinne de KNVB-Krysttoernoaien. Sa spylje 2 teams fan SDS A1 (A1 en A2) middeis yn Boalsert tsjin
LSC 1890 A1, JV Bolsward A1, Oosterlittens A1 en Sneek Wit -Zwart A1 om út te meitsjen wa ’t nei de finales op 2 jannewaris giet yn Frjentsjer.
SDS D1 spilet moarns tsjin
JV Bolsward D1, LSC 1890 D1,  Sneek WitZwart D1, LSC 1890 D2 en Mulier D1 .
Sjoch
hjir foar it hiele programma.

Harsens derby (97)
“Wa hat der in poepke litte?: