SDS League: Sjoerd rint út!

Stypje ONT!
27 november 2014
Seleksjes sneon 29-11
27 november 2014

It is net te leauwen, mar it is op ‘e nij Sjoerd Rispens dy ’t as koprinner mei “Algemeen Fons” de wykpriis pakt. Jaap Toering kin him mei “Torpedo Toering” hast net mear byhâlde al hat hy noch aardich de gang deryn mei 35 punten.

Sjoerd rint út…………………..it kasino…

Bote Strikwerda hat mei “FC Munnaps” minder “gelok”. Hy komt krekt in puntsje tekoart foar de wykpriis.

Boppeyn liket der net folle spanning yn de SDS League te sitten. Dan mar ris sjen wa’t der foar it earste plak yn it rjochter rygje giet. De “Swarte Baaien” fan Sjoerd de Vries en “Burdman” fan in wepmaster meitsje hjir de measte kâns op, mar wint dan de 29e of de 30e it?

Ûnderoan is it ek net spannend. De reade lantearn liket hast te dôvjen. DDR pakt dizze wike mar 4 punten. 


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 8.