Weppers woansdei 3-12

Weppers tiisdei 2-12
1 december 2008
SDS League: Ralph pakt de wykpriis!
4 december 2008

Ôflast
De training fan SDS 3 foar jûn is ôflast.

Ek ôflast
Dankzij de weeromstandigheden moeten wij het voetbaltrainen van de dames aflassen
zou jij dit op de site willen zetten..Het is wel wat laat maar het is niet anders..
Groeten Eeltje en Redmer


Sealtraine
De A- en B-junioaren fan SDS traine fannejûn fan 21.30 oan ’t 22.30 yn de sporthal.

SDS A1
Sneon 6 desimber Makkum A1 SDS A1,
9
.30 fuort, 10.45 fuotbalje

Sinterklaas

Mocht Sinterklaas net folle lêst hawwe fan de kredytkrisis en neat mear witte om te keapjen dan witte wy noch wol wat. Hy moat mar efkes yn de SDS-winkel sjen foar û.o. SDS-sokken, in SDS-tas, in SDS-sjaal en noch mear(sjoch links yn it menu by “SDS-Winkel”).

Sealtraine?
It trainingsfjild wie justerjûn al aardich wiet en wy ferwachtsje dan ek net dat dit jûn folle better wêze sil. As der noch in ploegje is dy’t jûn yn de seal traine wol dan kin dat fan 21.30 oan ’t 22.30. As je belangstelling hjirfoar hawwe dan moatte je efkes maile nei info@vv-sds.nl. De kosten binne €1,- p.p.

SDS 1 en 2 nei Snits 
SDS 1 en 2 traine tongersdei tagelyk yn Snits op kuenstgers. Sy fertrekke beide om 19.40 út Easterein.

Jild mei!
Eltsenien fan de B-seleksje dy ’t noch betelje moat foar it útsje oan it ein fan it seizoen moat dit tongersdeitejûn dwaan by Sytze. Graach €20,- meinimme.

Foar Ajax!
Tom is de lêste wiken hielendal foar Ajax. Sels it fertrek fan Huntelaar kin him net mear op oare gedachten bringe. Beppe is drok dwaande mei in trui fan SC Heerenveen, mar dy koe wolris by broerke Pieter bedarje. Mar hoe kin dit no sa? Wy fregen Tom: “Ik fyn blauw net sa ’n moaie kleur. Ik fyn read folle moaier………..” It mei dúdlik wêze dat Tom dus de beste fan de minste keuzes makke hat.

Schwalbekening!
Emerson Pioja Acuña spilet yn Colombia foar Atletico Junior. Hy makke ôfrûne sneon de grutste schwalbe dy ’t wy ea sjoen hawwe. By in 1-1 stân gie hy yn bûtenspulposysje ûnderút yn it strafskopgebiet wylst de ferdedigers noch op de oare helte wienen. Fansels joech de skiedsrjochter in…………………….