Weppers freed 18-4

Seleksjes sneon 18-4
16 april 2015
SDS League: "Postmeister" pakt de kop!
16 april 2015

De SDS-keunstgerslotten

Wa ’t syn 10 m2’s keunstgers ferkocht hat mei it jild bringe, mar kin it jild ek stoarte op rekkennûmer: NL83RABO0301290067
Fermeld dan wol dúdlik wa ’t de lotten ferkocht hat en leverje it lottenboekje noch wol efkes yn by;
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
of by
Douwe Dirk Reitsma, Smidslân 11, Easterein
Graach ynleverje foar 30 april!
Kommende sneon sit Douwe-Dirk yn de kantine fan 10.00 – 11.00 oere. Hjir kin it jild en de rest fan it lottenboekje ek ynlevere wurde.

Bied ek op 4 à 5 kuub iepenhurd-hout!

Rûnom it B-fjild binne de beamen kapt en de keunstgerskommisje hat dit iepenhurd-hout krigen om te feilen. It giet om sa’n 4 à 5 kuub iepenhurd-hout. 
It heechste bod oan ’t no ta: €125,- (Eddy de Boer)
Jim kinne heger biede fia 
info@vv-sds.nl
Kom mar op! 
It tsjinnet in goed doel!
De earste dy ’t €250,- bied krijt der fergees 5 SDS-lotten by!
De feiling slút sneon 18 april om 16.00 oere!



Efkes Balje
Jûn op 19.30 is der wer Efkes Balje. Noch ien kear yn Easterein dizze maaitiid. Dêrnei leit de arena wer yn Wommels.

SDS VR1
SDS VR1 – Dronrijp VR2 is afgelast.
Dronrijp heeft afgebeld i.v.m. te weinig speelsters. 
Wedstrijd wordt woensdag 22 april in Dronrijp ingehaald. tijdstip 18.45 uur. 
groet,
Jappie

SDS 4
SDS 4 hoecht net nei de Bildthoeke. CVO 1 hat te min spilers

Bekerje
Noch ien team fan SDS sit yn de beker. De famkes fan MD1 sitte mei trije oaren yn de heale finale. Sij moatte op 2 maaie tsjin SJO Oostenburg MD1.  Alcides en Delfzijl binne de oare heale finalisten

SDS gaat weer in Wommels spelen(rektifikaasje)
Vanaf dinsdag 28 april gaat het B-veld op de schop. Volgens planning kunnen we dan begin september er weer op voetballen. Dat houdt dus in dat we tot die tijd onvoldoende ruimte hebben om onze wedstrijden te kunnen spelen. Voor de wedstrijden van de F- en E-pupillen hebben we een oplossing gevonden.
De wedstrijden van 2 mei, 16 mei en 23 mei worden in Wommels 
op het grasveld aan de Sybren de Vlasstrjitte gespeeld. Voor de kleedboxen en de kantine zijn we te gast bij de tennisvereniging de Boskranne (Geins 1).
De leiders krijgen zo spoedig mogelijk bericht met meer informatie.
Voor de andere teams kan het betekenen dat jullie mogelijk door de week moeten spelen. Ook hierover krijgen jullie leiders binnenkort bericht.
Robert Schildkamp
P.s. Omdat het veld nog te nat is heeft Antea Bouwgroep besloten om het B-veld een week later dan gepland aan te pakken.

John van Zweden yn it Dielshûs
johnvanzweden
Hjoed is John van Zweden as sprekker te sjen en te hearen yn it Dielshûs yn Wommels. It begjint om 20.00 oere en de yntree is €12,50. Germ Stenekes docht de presintaasje.
John van Zweden wie supporter fan FC Den Haag en it Ingelske fuotbal en hie in behangsaak doe ’t him frege waard om €50.000,- yn Swansea City te stekken om ’t de klup op stjêren nei dea wie. Ynmiddels stiet de klup 8e yn de Premier League en is syn oandiel ynmiddels miljoenen wurdich (klik 
hjir).

Wepuitje
De wepmasters hawwe jûn wer harren jierlijkse uitje. Sy sille nei Amsterdam. Net nei de Arena, mar it gebou dêrneist wolteferstean. No ja, wolteferstean? (klik hjir)

Harsens derby (1481)
Mocht SDS 1 moarn skore tsjin TONEGO yn Luttelgeest dan woe Anne Brouwer dit ek probearje. Wat ús oanbelanget is dat in ritsje nei de polder wurdich.