SDS League: Postma nimt kop wer oer!

Kroechrinnerswepperke
5 mei 2009
Weppers tongersdei 7-5
7 mei 2009

Wat letter as jim fan ús wend binne is hjir dan de nijste stân.

Mei noch ien wike te gean nimt in Postma(Mark) de kopposysje wer oer fan in Postma(Henk). Wy moatte allinnich noch sjen as der wol in Postma(Mark of Henk) earste wurdt. De konkurrinsje is allinnich mar grutter wurden dizze wike. Dit binne no de boppeste 5:

Mark Postma M.P. 435
Klussen is mijn leven A.F.d.B. 434
Henk Postma H.P. 432
Biertje Popov?! P.R. 432
FC Sjaak Afhaak S.W. 432
It ferskil is dus net sa grut.

Dirk de Jong pakt “Met vallen en opstaan” de wykpriis tegeare mei “Soks” fan Richt Folkerts. Dit is wol aardich, mar it slimste is noch dat “Soks” hjirmei boppe “Hey, Ho Let’s Go”(Willem) komt. En dat is net goed. Asen tinkt sy ek noch mear ferstân te hawwen fan auto’s(en dat is ek sa, mar dat hoecht sy net te witten……).
Dirk de Jong komt no lyk mei “SCC(asper)”(Jan). Dit is dus ek net de bedoeling. Wy nimme oan dat de ferhâldingen folgende wike wer rjochtlutsen wurde.

Bauke Fopma is noch altiten lêste mei “de Molshopen”, mar hat noch altiten stevige konkurrinsje fan Klaas Pompstra mei “Sa Sawat 2″(hoe heech stiet Sa Sawat1 eins?) en “Easpanne” fan Minne Bonnema.

Sjoch hjir alfêst de nijste stân:
wike 11.