SDS League: November Rain pakt de titel!

Mei SDS 2 nei Erica!!!
25 mei 2005
Wepperkes -woansdei-
25 mei 2005

November Rain fan Gerrit Terpstra is de winner fan de SDS League. Sûnder in wykpriis pakt te hawwen wit hy yn it lêst de konkurrinsje knap de baas. Gerrit fan herte!!
Klik hjir om Gerrit lok te winskjen mei syn titel.

FC Steentje bijdragen fan Immie Kamstra waard 2e. Hjirmei is sy ek lyk de beste frou yn it klassemint.

3 ploegen eindigen as 3e. Dat binne Schj(n)appie fan Ids de Boer, Der PhanTom fan Tom Wijnia en syn mem Richt en SC Walperterfean fan Johan Delfsma.

Nei snein al in fyts wûn te hawwen by it Haadklasse-keatsen pakt Jacob-Klaas Haitsma ek noch de wykpriis yn de SDS League. Hy sil dizze wykpriis al diele moatte mei syn broer Eric. Tegeare hawwe syn hun team Het Wereldje gearstalt. Foar dy €6,- kin Jacob-Klaas moai bânplakkersguod keapje foar by syn nije fyts.

Hjir de nûmers 1-10 fan de SDS League:
1. November Rain fan Gerrit Terpstra

Gerrit stiet hjoed fêst as in sintsje te stralen tusken de blomkoalen fan de Jumbo.

2. FC Steentje bijdragen fan Immie Kamstra fan Hinnaerd.

Mei in 2e priis draagt de SDS League seker syn stjintsje by oan Immie har beurs.

3. Schj(n)appie fan Ids de Boer fan ’t Skrok.

Op it Skrok kin de flagge út.

3. Der PhanTom fan Tom Wijnia en syn mem Richt.

Fansels gie Der PhanTom yn it lêst as in spear.

3. SC Walperterfean fan Johan Delfsma.

Johan kin it jild fêst wol brûke nei in djoere brulloft.

6. GOD(Dennis B.) fan Dirk Yde Sjaarda.

Dizze klassering liket ús goed genôch om noch in jier troch te gean.

7. De Jelsmanian Devils fan Jan Simon Jelsma.

De Jelsmanian Devils kinne tefreden wêze mei hun 7e plakje.

8. Iced Earth United fan Ron Jansen út Dordrecht.

Ron eindigt wer iiskâld yn de top 10.

9. Skrok 11 fan Jelle de Boer.

Net allinne wy wienen fernuvere oer it sukses fan Skrok 11.

10. Omheech fan Minne Joustra út Wommels.

Omheech gie yn de lêste wike noch aardich omleech(fan 5 nei 10).

Hey Ho Let’s Go fan Willem Wijnia foel as nûmer 11 krekt bûten de prizen. Yn it lêst moast it allegear nochris wurde. Sa as meastentiids wie dit krekt te let.

Oranje Nassau Groningen fan Bert Gechies dy it dizze edysje mar best. Foar it earst yn jierren eindige hy net by de lêste 10 mar waard hy 41e. Der is in grutte kans dat wy Oranje Nassau folgend seizoen net allinne yn de SDS League tsjinkomme mar ek by SDS 1 yn de kompetysje.

Flyer fan Tamme de Boer waard “de Poedel”. Hy waard terjochte lêst mei mear as 50 punten efterstân op de nûmer ien nei lêst Mark Postma.

Tamme hat him fertsjinne!

Wy sjogge jim graach werom by de folgende edysje fan de SDS League. Oan it begjin fan folgend seizoen kinne je der alles oer lêze yn de Treffer en fansels hjir op ús webside. Oan ’t sjen!

Groeten, Willem.

Sjoch hjir foar de einstân: wike 13(einstân)