Weppers woansdei 22-10

Weppers tiisdei 21-10
20 oktober 2008
SDS League: Mathor pakt de wykpriis!
22 oktober 2008

Leptop
Hoi,
ik haw yndie de leptop mei, lykas de toskeboarstel, de burdsjampo, Jellie, in pear goeie boeken en de bukfyts. Ja, do lêst it goed: de bukfiets. Mei it each op it rûntsje fan Easterein haw ik hjir in trainingskamp opslein oan de foet fan de Cauberg en de Keuteberg. Omdat de Hidaardersyl en it Reahústerslyp yn it parkoers opnommen binne like mij dat in goeie saak.
Nei twa dagen bin ik der wol út: ik fyts mei gemak de Cauberg op mar dy is net te fergelykjen mei de Hidaardersyl. Ik doch mar net mei. It ienige motyf om mei te dwaan soe noch w&ze kinne dat Stoffel in hazze
nedich hat of in wynbrekker. Dan helje ik myn lisfyts út it hok.
Groetnis Aant

Futsal
Jûn wurdt der wer sealfuotballe yn Easterein. SDS 2 spilet jûn de derby tsjin Workum 4. It begjint om 20.00.

SDS League
Jûn hjir de nijste stân fan de SDS League. Wy hawwe foar 79 dielnimmers in ferheugende meidieling. Lolke Hofstra hat de wykpriis net wûn.

Hjerstfakansje
De trainingen voor de jeugdteams gaan in de herfstvakantie gewoon door.
Alleen als het veld afgekeurd wordt of de trainer anders beslist, kan een training vervallen. Niet verschijnen van een speler op de training moet dus ook op de gebruikelijke wijze worden afgemeld.
TC

De Treffer
De nijste Treffer is út. De measten krije him thús yn de bus en inkelden kinne him út de kantine helje om portokosten te sparjen. Foar de folgende persoanen leit de Treffer klear yn de kantine:
Dooitze Nauta (nimt ek ien foar Topfysio mei)
Tsjalling Sikma
J.T Faber
Jaap Toering
Grytsje Meulenaar
Donny Okkema
Feiko Broersma (nimt ek dy foar VV Oosterlittens mei)
Dick Schuurman
Lody Roembiak

Champions League
Wa ’t juster net alle wedstriden fan de Champions Leugue sjoen hat omdat hy of sy b.f. traine moast, kin hjir noch moai efkes de hichtepunten sjen(klik
hjir).

Kleurwedstryd
Yn it bewarnûmer fan de Treffer stie in kleurplaat. De folgende bêrn kinne binnenkoart in pryske thús ferwachtsje:
Anouk Delfsma
Sander Hazewindus
Falco Jellema
Tom Wijnia

Snoad
Aant is in wike te fytsen en hat lyk ek mar syn eigen webside ûnder de snelbinders dien. Wy kinne him net mear op it ynternet fine yn elts gefal(klik
hjir).

SDS-“Bunnikside”
Soe de SDS-“Bunnikside” dit ek dwaan as SDS 1 ûnderoan bungele yn de 6e-Klasse? Wy binne wol benijd(klik
hjir).

Mei sok waar wie it sa gek noch net………

Ballenjongen
As ballenjongen moatte je alert wêze op ballen dy ’t it fjild útrolje. Je moatte klear stean om de bal werom te smiten of de bal te pakken en gau werom te jaan. Je kinne der ek gewoan by sitten bliuwe: