SDS League: Limburger pakt wykpriis!

Seleksjes sneon 2-11
31 oktober 2013
Aktueel programma
1 november 2013

De SDS-League hat dizze wike in frjemde wike. Sa pakt in Limburger de wykpriis en hat Sjoerd van Beem dizze wike, mar nul punten.

It is Sytze Kooistra dy ’t mei “FC Limburg” de wykpriis pakt. 28 punten wie dizze wike al genôch om de wykpriis te pakken. Oare Sytse(Hibma) kaam krekt te koart. Hy pakte mei “Sytsinho” 26 punten.


Sytze Kooistra op syk nei syn skorend fermogen…

“De Lange Loekers” fan Jurjen Eringa steane noch altiten boppe-oan, al pakten sy mar 18 punten. Dochs rûn Jurjen út op nûmer 2 “Okkiedokkie”(Durk Okkema). Dy stiet no twadde tegeare mei “FC Sathe Berwert” fan Sieta en Peter mei in efterstân op Jurjen fan mar leafst 17 punten.

“FC Don’t Hassel the Hoff” fan Sjoerd van Beem pakt dizze wike mar leafst nul punten. “Camataru” fan René Zijlstra hat noch krekt ien mear. “Dickie Dick”(Schuurman) hat ek net in dik oantal punten. Hy hat mar leafst twa…..

“Pro-Postma” fan Eeltsje is no allinnich reade lantearndrager. Hy liket swiere konkrrinsje te krijen fan Johan Delfsma dy ’t mei “DKV-loos” noch mar 3 puntsjes boppe him stiet.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 6.