SDS-League: Jelte-Pieter pakt mei ‘Hangover ’96’ de wykpriis!

Weppers tiisdei 19-3-2024
19 maart 2024
De nije Treffer mei advertinsjes
20 maart 2024

Dizze wike stiet it hûs op de kop by Jelte-Pieter Dijkstra. Hy pakt mei ‘Hangover ’96’ de wykpriis. Hy hie 4 punten mear as ‘Hampus FC’ fan Jan-Harmen Folkerts.

‘FC Munnaps’ fan Bote Strikwerda stiet noch altiten boppe-oan. Der steane no 3 teams op it twadde plak. De 3 H’s sis mar; ‘Hakim Sijtsma’, ‘Hampus FC’ en ‘Hangover ’96’.

Marc Hoekstra waard twadde mei it SDS-FIFA-toernoai, mar stiet yn de SDS-League noch altiten lêst mei ‘Hoekie Boys 12’. ‘De trots van Friesland’ fan Annejan Hallema stiet no ien nei lêst en hat 15 punten mear.

‘Ik win fan heit en Tim’ fan Fenna Sweering rint wat út op it ûnderste plak, mar hat har heit en Tim noch net byhelle. Heit stiet noch 19 punten foar en Tim 26.

 

SDS League 2023-2024 twadde helte stand wike 6