Weppers freed 28-2-2020

SDS-League: ‘Jelsmanian Devils’ pakt de wykpriis!
27 februari 2020
Sneon 29-2-2020
28 februari 2020

SDS 1 – Heeg 1

Der is noch 25 minuten te spyljen yn dizze wedstriid dy’t in pear wiken lyn foartidich einige troch in blessure fan de skiedsrjochter. Heeg begjint mei 10 man, SDS mei 11. De tuskenstân is 1-0. De wedstriid begjint mei in stuitbal foar SDS. Dizze seleksje wurdt moarn om 13.15 oere yn de kantine ferwachte:  1 Jaap©, 2 Luuk, 3 Erik (gele kaart), 4 Marco, 5 Jelte-Pieter, 6 Remco, 7 Peter, 8 Wiebe ⚽, 9 Hendrik, 10 Pieter, 11 Lourens, 12 Jacob-Klaas, 13 Bauke, 14 Habtamu en 15 Mark.

SDS 2 – Hardegarijp 2

SDS 2 stiet boppeoan yn it rjochterrychje en Hardegarijp stiet tredde yn it linkerrychje. Om ek nei it linkerrychje te kommen moat SDS 2 gewoan winne. Dizze mannen sille it om 12.00 oere dwaan moatte foar koach Okke van der Kamp: Peter Vuist, Bauke, Habtamu, Ewout, Jesse, Jort, Jurjen, Lieuwe, Niels, Robin, Sjoerd de V, Tjeerd, Wietze en Elger.

St Arum Stormvogels 2 – SDS 3

SDS 3 (17 út 9) soe ek wer los en soenen it opnimme tsjin in ploech dy’t 7 kear spile hat en 6 punten hat. It fjild yn Arum hat it allinnich noch smoardrok mei it ferwurkjen fan al it wetter fan de ôfrûne wiken en der kin dan ek net op fuotballe wurde. De wedstriid giet net troch.

Workum 4 – SDS 4

SDS 4 stiet 5de yn de kompetysje en Workum 4 stiet dêr noch boppe. In moaie gelegenheid om it ferskil fan 7 punten wat lytser te meitsjen. De seleksje:
Allert, Sytse, Gertjan, Ralph, WiFi, Doede R, Bouke, TRV, Eeltje, Thomas, Jildert, Jelmer en Steven en Anne.
Sy fertrekke om 13.50 oere út Easterein en spylje om 14.45 oere op it ‘centre court’ fan de vv Workum.

SDS 5 – sc Franeker 6

Yn dizze klasse rinne der twa ploegen fier út. sc Bolsward 5 en SDS 5. De rest stiet op earbiedige ôfstân, wêrûnder sc Franeker. Dizze seleksje moat it dwaan om 15.00 yn Easterein op it keunstgers nei de wedstriid fan SDS 1: Harm, Auke, Dirk-Yde, Feite, Gert-Jan, Ids, jan-Simon, Jentsje, Jeroen, Klaas, Pieter-Lieuwe, Robert, Ronny, Tjeerd, Tsjipke en Wichard. Daan flagget! Sy sammelje om 14.15 oere yn de boks, balje om 15.00 oere en keapje om 17.00 oere ien yn de kantine.

SDS VR1 – QVC VR 1

In frij wykein foar de froulju fan Vr.1. Y.f.m. te min spylsters by QVC giet de wedstriid net troch.

Draaiend Rad

Moarn is de tagong fergees by SDS 1 – Heeg 1 en der binne gjin programmaboekjes. Wol is der nei de wedstriid fan SDS 5 om in oer as 17.00 oere Draaiend Rad yn de kantine mei in spesjale haadpriis. De trainer fan SDS 2, Okke van der Kamp stelt namelijk in flesse Beerenburch beskikber.

Harsens derby (2213)

Je hawwe fan dy spitsen dy ’t de dreechste kansen meitsje en de makkelijkste kânsen misse……….

Letter fêst wol mear!