SDS-League: ‘It bliuwt in gokje FC’ pakt de ‘jackpot’!

Foto’s Oeverzwaluwen 1 – SDS 1
16 oktober 2022
Weppers woansdei 19-10-2022
19 oktober 2022

‘It bliuwt in gokje FC’ fan Broer-Jacob Greidanus pakt dizze wike de ‘jackpot’ mei mar leafst 70 punten. Safolle punten hat noch net ien earder pakt dit seizoen en de wykpriis is dan ek dik terjochte. Lourens van der Pol grypt mei ‘Kallo Legends’ krekt neist de wykpriis, mar dy hie snein de jackpot ek al….

‘Hup SDS’ fan Grietzen Broersma skarrelt boppe-oan rêstich syn puntsjes byinoar en stiet noch altiten 10 punten foar op nûmer 2, ‘Aan de kant ik moet naar’t stadion!’ fan Sjoerd van Beem. Foar Sjoerd liket it seizoen eins al slagge no ’t hy mar leafst 45 punten foar stiet op Jaaps ‘Torpedo Toering***’. Dat kratsje Hertog Jan liket al binnen.

In pear teams hawwe goeie saken dien de ôfrûne wike. ‘FC Systeemplafond’ fan Jacob-Klaas Haitsma wie de snelste ‘steiger’ mei mar leafst 15 plakken (fan 30 nei 15).

Opfallend in soad âldsjes ûnderyn de list fan de SDS-League. Sawol ‘Tadic on Fire'(Seriette Strikwerda) as ‘SC Oud-Heerenveen'(Annejan Hallema) binne ûnderyn de list te finen.

It wie dúdlik net de wike fan Kevin den Haan. Earst al in hamstringblessure by SDS 1 en no ek noch ûnderoan mei ‘Grauwe Strijders’.

 

SDS League 2022-2023 stand earste helte wike 5