SDS League: Hendrik pakt wykpriis!

Weppers tongersdei 21-2
20 februari 2013
Weppers freed 22-2
21 februari 2013

Hjir is dan de nijste stân yn de SDS League.
Dit kear dogge der 77 lju mei en dat is dochs 12 mear as yn de earste helte. 50 koaches stelden in nij team op en 15 lieten de basisalve stean. 40 minsken mailden harren nije opstelling en 10 leverden harren bryfke kreas yn.

De earste stân giet oer de ôfrûne 2 wiken. Dit koe net oars en hat te krijen mei de webside wêr ’t wy de punten fan krije:
www.competitiemanager.nl.

It is “Profielschets FC” fan Hendrik de Jong dy ’t de earste wykrpiis nei de winterstop pakt. Hy bliuwt mei 89 punten Dirk-Yde Sjaarda krekt 6 punten foar. It earste plak is foar Dirk-Yde net sa wichtich. Hy is mei nammen sa bliid om ’t hy 14 punten mear hat as de froulju fan “JorImke”.
Foto: Val Thorens
“Hendrik hat der mar fêst ien op kocht”

It docht ús goed om te sjen dat de jeugd út namme fan Habtamu de Hoop(en syn heit Emke) it knap docht mei in 4e plakje foar “Happy Feet”.

“Redmer” en “Master(b)Erik” kinne it der yn de Jimbar it wykein miskien wol efkes oer hawwe dat sy miskien dochs better wikselje koenen yn de winterstop. Tegeare stean sy ûnderoan.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 1.