SDS League: Gussy pakt wykpriis!

Weppers freed 22-3
21 maart 2013
Seleksjes sneon 23-3
21 maart 2013

It is dizze wike “Gussy Gatuso” fan Jurjen Groenveld fan Wommels dy ’t der mei de wykpriis fan troch giet. Mei mar leafst 70 punten liet hy de konkurinsje wol oardel plusmiet efter him. Dizze foarhinne keihurde foarstopper fan SDS A1 hie syn prizenjild al ynsetten op in moai kealtsje, mar de eigner woe spitich genôch net om lyk.

Morgen dit kalf nog even proberen te kopen en dan weer naar huis
Jurjen soe fan in jildpriis in fleispriis meitsje, mar de boer woe net om lyk.

De fusjyklup “FC Ofpraat Wurk/EPO ’13” fan Sjoerd van Beem giet noch oan de lieding, mar hat swiere konkurrinsje fan de Súdhoekers fan De Hoop mei “Happy Feet”. It ferskil is noch mar 2 punten. “This is (sh)It” fan Eeltje Postma stiet hjir noch krekt wer 4 punten efter.

Lykas de earste edysje dit seizoen docht Grytzen Broersma it mar wer knap yn de SDS League. Dochs sil hy it wichtiger fine dat hy ynkoarten wer gau folledich fuotbalje kin.

“Ken et za” fan Harm Bergsma nimt de reade lantearn mar wer ris oer fan “Gerlof-Jan Servet”.

Sjoch hjir foar de nijste stân: wike 5.