SDS League: Frysk dammer pakt wykpriis!

Weppers tongersdei 20-9
19 september 2012
Weppers freed 21-9
21 september 2012

Nei in teloarstellend 39e plak yn de SDS EK-League begjint Jelle Wiersma it no dochs aardich yn de fingers te krijen. Mei “Frysk damjen is oars” pakt hy de earste wykpriis fan it seizoen yn de SDS League. Hy hat krekt in puntsje mear as de routiniers “Camataru” fan René Zijlstra en “Op Naar de Top” fan Marten Faber.

Frysk damjen is ynderdaad oars…….

Stijn Schildkamp fan F1 begjint ek mar knap yn de SDS League. Hy docht foar de earste kear mei en begjint lyk op it 5e plak.

It sil wol oan ús interpretatie divergentie lizze dat it ús wat tsjinfalt dat “Interpretatie Divergentie”(Hendrik de Jong) as 36e begjint yn de SDS League.

“FC Grasmat” fan Erwin de Boer pakt de reade lantearn. Wy binne benijd hoe lang hy dit folhâlde sil.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 1.