SDS-League: Franks ‘Beter Horen’ pakt de wykpriis!

Balk 1 – SDS 1 yn byld
10 maart 2024
Weppers woansdei 12-3-2024
13 maart 2024

It is dizze wike ‘Beter Horen’ fan Frank Bervoets dy’t de wykpriis pakt mei 62 punten. Hy hat dêrmei 5 punten mear as Dirk Stegenga mei ‘3e helft’.

 

Dirk Stegenga fielt him wat dûbel nei dit wykein. Hy docht mei 3 teams mei en grypte mei sawol ‘2e helft’ as ‘3e helft'(55 punten), mar krekt neist de wykpriis. In minne ‘1e helft’ brekt him allinnich wat op. Dat team stie fan syn 3 teams it heechst. Hy sakket no mei mar 34 punten fan it 5e nei it 13e plak.

Bote Strikwerda stiet mei ‘FC Munnaps’ noch boppeoan en rint sels wat út no’t ek Ogawa(NEC) ek noch skoren giet.

Marc Hoekstra stiet noch lêst mei ‘Hoekie Boys 12’, mar komt al in pear punten tichterby nûmer ien nei lêst; ‘Ik win fan heit en Tim’ fan Fenna Sweering.

SDS League 2023-2024 twadde helte stand wike 5