SDS League: FC Snoek pakt wykpriis!

Wepperkes -tiisdei-
20 november 2006
Wepperkes -woansdei-
21 november 2006

It is dizze wike FC Snoek fan Ulbe Dijkstra út Winsum dy ’t de wykpriis pakt. Mei 50 punten bliuwt hy de konkurrinsje dizze wike krekt foar.

FC Snoek byt him fêst yn de wykpriis.

Chris(Postma) hat dizze wike ien puntsje minder as FC Snoek en grypt dus krekt nêst de wykpriis. Wol bliuwt hie ien puntsje boppe FC Snoek stean. Wy witte net wat Chris leaver hân hie….

It liket derop dat je as koach better presteare yn de SDS-League as je net fuotbalje troch in blessure. Sjoerd van Beem stiet mei The Bundy Squad op 2, Hey Ho Let’s Go fan Willem Wijnia  stiet 5e(fan 10) en Jeroen(Brouwer) stiet 9e(fan 13).

De Vinnige Frikandel(Gerard van Asselt) hat de gang nei it frituerfet te pakken. Dizze wike glidet hy ôf nei it 15e plak.

Tom, Pieter & the Heartbreakers behâlde de kopposysje, mar Pieter Kamstra is al 2 punten tichterby kommen. It gat is no 5 punten.

It is op it heden gjin waar foar Annie’s Negers. Dit docht ek wol bliken út harren posysje(67e). It is mear waar foar Hutspot(J&C), mar dy falle ek noch wat ôf(72e).


Theo Krat fan Johan Postma bliuwt stiif lêst.

Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 9.