Futsal: SDS 2 wint ek!
Ek foar SDS 2 wie it wer ris in oerwinning nei 2 ferliespartijen. By SDS 2 wie Hendrik de Jong de grutte man. 3 goals en 3 assists kamen fan syn foet. Klik hjir foar it útgebreide ferslach fan Gerard van Asselt.
Wêr binne se bleaun (4)
Wij krigen in hiel aardige reaksje op kaart nr. 4
Dizze spikerhurde verdediger is myn broer. Hy fuotballet net mear en dat fine syn âld tsjinstanders net slim. Skynt trouwens in de famylje om trekje te wêzen. Syn soan foutballet by B1 fan Nylân, maar spilet gelokkich net sa hurd. Heit giet wol ris te sjen by soan leaf. Fierders is der Ajax fan, dus hat er drege tiiden op it stuit. De ienigste sport die er beoefend is skaken. Hij is fertsjintlik skaker by de Lege Gean yn Gau en hat al hiel wat kearen klub kampioen west.
Groetnis Friso Albada.
Nij eameladres
De SDS-kantine hat in nij eameladres. Om it húslike gefoel oan te jaan yn de SDS-kantine is it wurden: SDSkantine@home.nl.
Enthousiast?
It wie juster drok op de webside. Mear as 700 kear waard de webside besjoen. Soenen der safolle froulju ynteresse hawwe om by SDS te fuotbaljen??
Allegear kabels
De Skoalleseize wie sneon drok oan it wurk. Op it trainingsfjild waard in ballefanger delsetten en der waarden ferskeidene kabels nei it nije berchhok lein wêr ’t je wol yn fertiesje koenen. Sa waard der in stroomkabel , wetterlieding, tillefoankabel, caikabel foar televisie en internet, in mantelbuis en drainage dellein.
SDS League
Om 19.30 stiet hjir de nije stân fan de SDS League.
Frij hâlde
Kommende tongersdei op nei de kantine. Om 21.30 oere sa ûngefear giet it oan. De earste foarronde mei Lolke, Willem en Wichard.
Harsens derby!(25)
Dit jild ek foar SC Heerenveen fansels……….(klik hjir).