Wepperkes -woansdei-

SDS League: FC Snoek pakt wykpriis!
21 november 2006
Wepperkes -tongersdei-
22 november 2006

Trainen jûn ôflast
Het trainen van vanavond ligt eruit, voor morgen zal er een bericht komen via de mail voor 17.00 uur.
Bestuur Stichting Skoalleseize

Bliuwt Marcel Frankena?
Justerjûn binne der ûnderhandelingen west oer it efentueel oanbliuwen of fertrekken fan Marcel Frankena nei dit seizoen. Wy hawwe hjir noch gjin útkomsten fan.

Futsal
SDS 3 spilet jûn om 20.30 thús tsjin Leeuwarden 2. Kom gerust efkes sjen.

Wêr binne se bleaun (2)
Ferline wike lieten wij dizze spilerskaart sjen. Geweldich fansels dat de spiler sels efkes reageart en ús útleit hoe’t it siet mei dy boeking.

Naar aanleiding van de rubriek “Wer binne se bleaun?” kreeg ik een bericht dat ik zomaar op de side van VV SDS stond. Leuk om te lezen.
Ik kan mij de strafzaak nog wel herinneren, want dat is de enige, die ik in mijn voetbalcarriere heb gehad. (daarnaast ook trouwens).
Het was een bekerwedstrijd tegen CAB in Oosterend tijdens de feesten in Easterein en dat was te merken. Ype Anema, later Cambuur brak door en ik kon volgens mij niets anders dan hem onderuit halen. Resultaat: boeking, penalty tegen en wedstrijd verloren.
Voor wat betreft voetbal is SDS mijn laatste club geweest. Ik heb nog wel eens zomeravondbedrijfsvoetbal gespeeld, maar niet meer in competitieverband. Ik ben in Lemmer gaan wonen en daar woon ik nog steeds (tot groot genoegen). Ik ben bij de politie gaan werken (voetsporen van mijn vader) en doe dat nog steeds. Inmiddels niet meer in Lemmer, maar in Harlingen/Franeker.
In mijn sportieve loopbaan ben ik gaan basketballen in Lemmer en dat doe ik nog steeds met veel plezier.
Groeten uit Lemmer,
Gerard Bijl.

Noch fan herte lokwinske!
Je hawwe it wolris dat je in jierdei ferjitte. Je eigen sille je allinne net gau ferjitte. Wy kamen der fan ‘e wike efter dat wy dy al ferjitten binne. Op 4 novimber wie de webside 4 jier yn de loft. Noch fan herte lokwinske!

4 jier www.vv-sds.nl
Yn dy 4 jier hawwe wy 405.400 besikers hân op ús webside. No trije wiken letter sitte wy al op 415.000. As it meisit dan kinne wy yn jannewaris 2007 ús 500.000e besiker wolkom hjitte.


Grutte-Klupaksje
Der binne net folle prizen fallen ûnder de lotten dy ’t ûnder SDS’ers ferkocht binne, mar wa hat der al wat wûn? Sjoch hjir en mail it nei info@vv-sds.nl as jim wat wûn hawwe.

Kwis
Der binne net safolle reaksjes binnen kommen op ús oprop om te gokken wa’t nei de finale giet. Mooglik dat wij de folgende kear in priiske beskikber stelle moatte.
Jaap Toering jout Wichard de measte kâns, Fred tinkt fan Lolke en Sjoerd ferwachtet Willem yn de finale.

Foar Aant is it dúdlik welke twa der om fjochtsje sille, want Lolke is no noch bliid mei de priis fan twa jier lyn. Willem en Wichard sille der omstride en Wichard wint mei 5-6


Allegear komme
At jim fersteld stean wolle, wat dizze trije kandidaten allegear wol net witte, moatte jim seker efkes lâns komme. Elkenien is wolkom op dizze fêst tige spannende en seker gesellige jûn.

Priis
Fotograaf Henk Bootsma makket geregeld foto’s by SDS. Ôfrûne sneon wie hy der net. Hy moast nei Enschede om dêr in priis yn ûntfangst te nimmen fan Sinterklaas. Hy hie in 3e priis wûn mei in wedstryd oer it fotografearjen fan bêrn. Der wienen mear as 1700 foto’s dy ’t meidienen om de prizen. Fan herte lokwinske!

Musyk yn de Jimbar
Bêste musykleafhabbers,
Kommende snein, 26 Novimber, hat de Jimbar in Fryske sjonger fan formaat binnen de muorren. Fanôf in oere as 18.00 sil Gerrit Breteler mei syn pianist Jelke Kooistra foar jimme spylje.
Yntree is 5 eurie.
Graach oant sjen yn de moaiste kroech fan de Terp! Groetnis, Sjoerd.

Harsens derby(26)!!
Harsens derbyyyyyyyyyyyyyyyy(klik hjir).