Wy tochten sa dat ‘Overal United’ fan Willem Twijnstra en Sybrecht Overal de wykpriis pakke soe, mar it is úteinlijk ‘Op naar de Top’ fan Gerlof-Jan Hofstra dy ’t krekt 2 punten mear hat. De dûbele lokwinsken geane dan ek nei Gerlof-Jan dy ’t ferline wike ek krekt syn jierdei fierde.
It wie in min wykein foar Habtamu de Hoop. Hy miste net allinnich in penalty by SDS 3, mar moast ek ôfstân dwaan fan de kopposysje yn de SDS-League. Mei ‘Happy Feet’ sakket hy fan it 1e nei de 4e plak.
Wy hawwe dus in nij koprinner; ‘Vrijdagavond Feest’ fan Matthijs Postma. Hy stiet 4 punten foar op ‘Kansloos’ fan Bas van der Weij en 8 op ‘Covid-11’ fan Dirk Stegenga.
Seriette Strikwerda soarget mei ‘Strikky United’ dat der eindelijk wer in frou yn de top 10 stiet. Sy stie 12e, mar stiet no al dield 6e.
‘Remontada’ fan Rémon Rameau foldocht it noch prima blykber as nûmer lêst al is it gat mei ‘Moast dy bal foArjan’ fan Stefan van der Velde no noch mar 3 puntsjes.