SDS-League: ‘FC Munnaps’ pakt de wykpriis!

Weppers moandei 12-2-2024
12 februari 2024
Weppers freed 16-2-2024
16 februari 2024

It is ‘FC Munnaps’ fan Bote Strikwerda dy’t der mei de earste wykpriis fan troch giet. Hy hat krekt 4 puntsjes mear as ‘Jopie Kwast’ fan Erik Haitsma. By Bote wienen de mannen fan it wykein Pelle van Amersfoort (HEE) en Taylor Booth(UTR). By Erik wie dat Jizz Hornkamp (HER).
Bote hie fansels ek wol wat goed te meitsjen neidat syn Seriette de earste helte fan de SDS-League wûn hat……

Jacob-Klaas Haitsma begjint net gek mei ‘FC Systeemplafond’, mar koe snein syn skoen wol opfrette doe ’t Edvardsen fan Go Ahead Eagles in penalty miste. Dit hie him ticht by de wykpriis bringe kinnen.

De reade lantearn wurdt dield troch Steven en Stefan. Beide hawwe mar 24 punten.

Eeltsje Bootsma begjint as 69e mei ‘Gelukkig nog boven Steven’. Mar dat is ek net sa gek mei Steven as nûmer lêst…….

Wy kamen wer in pear moaie nije teamnammen tsjin. De toppers binne ‘Hangover 96’ (Jelte-Pieter Dijkstra) en ‘Schwalbe 04′(Wiebe Heeres en Inne Heerma).

SDS League 2023-2024 twadde helte stand wike 1