SDS League: FC DWO’pke herbstmeister!

Antwurden kwis
3 januari 2016
Weppers moandei 4-1
4 januari 2016

It is Durk Okkema dy ’t de SDS League mei oermacht wint. Mei “FC DWOpke” hat hy útsein in wike as 2 allinnich mar boppe-oan stien. Úteinlik wint hy mei mar leafst 22 punten foarsprong op nûmer 2, Feiko Broersma mei “GVR”.
“Strikkies United” fan Bote en Jort Strikwerda is 3e wurden.

Durk Okkema wint de SDS League. Hy hat witte litten dat wat him oanbelanget it prizenjild yn de kas sitten bliuwe mei en it SDS-bestjoer hjir wat leuks foar dwaan mei.

Dirk Stegenga die mei “Op naar de Coolsingel” lang mei om de prizen. Spitich foar him dat hy lykas syn favoriten meastentiids op de lêste dei krekt bûten de prizen falt. Hy is 11e wurden.

Tige spannend wie de striid tusken de twa Kûbaarders Wytske Vermeulen en Skelte Anema. It is úteinlik Skelte dy ’t mei ien punt ferskil mei “Qbaard United” him foar in heal seizoen de beste fan Kûbaard neame mei.

It is “Jacob’s Kaas” fan Jacob-Klaas Haitsma dy ’t yn de lêste wike noch efkes de wykpriis pakt mei 38 punten. Dat binne krekt 2 mear as “De beste freonen”, Robert Sybesma en Harm-Auke Dijkstra.

It koe net mear misse dat Rudy Dijkstra en Ralph Wariman mei harren team “Waridijk” de poedelpriis krigen en dat slagge dus ek. Ien ding hawwe sy der fan leard; “Nea wer de SDS-League ynfulle yn de kantine. Dat kin better thús”!


Rudy en Ralph diele de poedelpriis; in SDS-sjaal!

De prizen wurde ynkoarten oermakke.

Sjoch hjir foar de einstân:
wike 12.








Foar de nije SDS League moatte jim noch efkes geduld hawwe.