Mulier Vr1 – SDS VR1
23 november 2017Weppers freed 24-11-2017
24 november 2017‘De Terpies’ fan Bauke en Femke Terpstra pakten yn de earste wike de wykpriis en dêrnei hearden wy neat mear fan harren. Sy sakten hast eltse wike op de ranglist en stienen ferline wike noch 26e. No pakke sy plots wer in wykpriss mei mar leafst 73 punten en steane sy 4e en dogge sy wer hielendal mei.
Johan Delfsma pakt mar leafst 69 punten dizze wike mei ‘DumFries’ en dat wie mar 3 punten minder as de wykpriiswinner. It rint allinnich noch net sa hurd by Johan, want hy stie 52e en no noch mar 22e.
Klaas-Bouke Faber gunt syn maat Allert Turksma mei ‘Heerenveen Till I Die’ mar ien wike de kopposysje en nimt him fan him oer mei ‘FC Boekelaar’.
Klaas-Bouke nimt der in ‘koppos-ijsje’ op ………….. ;)It is aardich spannend boppe-yn. Tusken de nûmer 1 en de nûmer 5 is it ferskil mar 5 punten.
‘FC Wiebes’ is net al te best út de Algemene Beschouwingen kommen blykber. Wiebe Heeres sakket namelijk fan it 8e nei it 22e plak.
De reade lantearn is noch altiten foar ‘Kratje Bier’ fan Marc Hoekstra. Mei 16 punten giet it ek net sa hurd fansels. Mei allinnich Ziyech (9 punten) en Mahi (11 punten) hienen je al mear punten hân. Al moasten je der dan net in ferdediger fan NAC of de keeper (Birighitti -14 punten) der by hawwe…………….