SDS-League: ‘Brekken Boys’ pakt de wykpriis!

It 27e Meinte-Sixmatoernoai; jou dy no op!
18 oktober 2021
Allegear mei in medalje nei hûs
20 oktober 2021

It is dizze wike ‘Brekken Boys’ fan Okke van der kamp dy ’t mei grutte oermacht de wykpriis pakt. Hy hie mar leafst 58 punten en dat binne der 7 mear as ‘Algemeen Fons’ fan Sjoerd Rispens.
Opfallend is dat beide dizze teams harren yn de ûnderste regionen fan de SDS_League befûnen. Sy koenen dizze opkikker beide wol brûke.

‘Happy Feet’ fan Emke en Habtamu de Hoop stiet noch altiten boppe-oan, mar de konkurrinsje komt stadich oan tichterby. ‘Snats Seuntjens’ fan Anco Bervoets & Niels Hazewindus stiet no twadde op 6 punten ôfstân en ‘Vrijdagavond Feest’ fan Matthijs Postma stiet hjir ien puntsje efter. It ferskil tusken de nûmer 1 en de nûmer 10 is mar 18 punten.

‘Remontada’ fan Remon Rameau bliuwt reade lantearndrager. ‘Moast dy bal foArjan’ fan Stefan van der Velde stie mar ien puntsje foar him, mar hat ynmiddels wer in gat fan 11 punten slein.

 

SDS League 2021-2022 stand earste helte wike 5