Weppers tongersdei 24-12
23 december 2009Liftnijs
26 december 2009De “Berrieboys” fan Pieter Sytsma en Frank en Remco Bervoets winne de earste priis yn de SDS League. Sy wienen dus net ûngelokkich mei it ôflasten fan in bult wedstriden op de lêste spyldei. Foar “Alles op Elyounoussi” fan Paul Reitsma wie dit wat in domper, mar hy eindigt noch knap 2e. “Keessie Kwakman” (Kees Adema) syn seizoen kin net stikken. Nei 3 wykprizen pakt hy úteinlik ek noch de 3e priis.
“De Berrieboys”!
De “Berrieboys” hawwe in opmerklik seizoen trochmakke. Yn de earste wike pakten sy de wykpriis en ek dêrnei stienen sy noch efkes boppe-oan. Dêrnei sakken sy wat en hearden wy wiken neat fan harren. Oan’t foarige wike doe ’t sy plots wer wat klommen yn de ranglist. Krekt op ‘e tiid dus om de haadpriis te pakken. It docht ús in bytsje tinken oan in útspraak fan Gary Lineker:
“Voetbal is een simpel spel; 22 mannen rennen achter een bal aan en uiteindelijk winnen de “Berrieboys”………
De wykpriis moat dizze wike ferdielt wurde troch trije teams. De “Berrieboys”, “Heitiedopoulos”(Johan Delfsma) en “Samar 11 fan 11″(Fedde Wiersma). Sy hienen alle trije 18 punten.
Hjalmar Ruiter hie it buorman Eeltse Postma (“Feuuuuer”) noch dreech meitsje kinnen, mar liet de kop gau hingje. Hy pakte lykas Eeltsje mar ien punt. Dit betelent dat hy Eeltsje dy €20,- (of 2 kratsjes bier) wol jaan kin. Of dat Eeltsje dy net mear oan Hjalmar hoeft te beteljen fansels.
Eeltsje, Proost!
Doede Rients Okkema (FC Supermario) pakt de poedelpriis. Nei wiken en wiken ûnderoan stien te hawwen koe dat ek net misse fansels. Binnenkoart krijt hy fan ús in prachtige DVD fan Studio Spaan.
Hjir kinne jim efkes sjen wêrom wy foar dy DVD koazen hawwe:
Nei de winterstop en de transferperioade komt de twadde helte fan de SDS League. Eltsenien dy ’t oan de earste helte meidien hat docht automatysk mei oan de twadde helte. Jim kinne hjir dan wer de nije dielnimmings-formulieren fine en fansels yn de kantine.
Sjoch hjir foar de einstân: wike 13.